Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
15 augustus 2007
Seleksjes sneon 18-8
17 augustus 2007

D1 hat al bekere
Wij krije de útslach fan D1 binnen. SDS D1 – Makkum D1  1 – 2

Earste training
SDS 4 en SDS 5 hawwe tongersdeitejûn foar de earste kear traind. Der wiene 13 man. Man yn foarm wie Harm Auke Dijkstra, hij skoorde en assiste omraak. Man net yn foarm wie P van P: hij hie net ien goeie aksje (fûn hij sels).

Traine
Wij krije troch dat SDS 3 spilers dy’t twa kear yn de wike traine wolle, tongersdeis mei SDS 4 en SDS 5 traine kinne. At de SDS 4 en 5 spilers dêr no sa gelokkich mei binne is de fraach.

Rekord
Wij kinne yn dit jonge seizoen gelyk al in seizoensrekord melde. Want wij tinke net dat er dit seizoen yn ien wedstryd mear doelpunten te sjen binne as justerjûn bij SDS B1 – Frisia B1. Einstân 0-23

Oanfierder SDS 1
Floris Hiemstra rint wol fertwifeljend om de lêste dagen. Hij wol graach witte wa’t de oanfierder wurdt bij SDS 1. Wij kinne him net oan it antwurd helpe.

Easterein – Wommels (1)
Noch in wike te gean en de spanningen tusken beide kampen begjinne al op te rinnen. De prognoase yn it Eastereinder kamp binne nochal ûnrealistysk. Dus freegje wij ús ôf wat jim der fan tinke. Klik hjir en jim krije in pole sadat jim antwurd op de fraach jaan kinne wa’t dit wint.

Easterein-Wommels (2)
Wylst FC Wommels al lange tiid dwaande is mei de tarissingen foar de striid, kamen de spilers fan Hup Easterein tongersdeitejûn foar it earst bijelkoar om mei elkoar yn de kunde te kommen. Om Wommelsers net mear wizer te meitsjen dan at se al binne, wie de bijienkomst pas om 22.30 oere en efter sletten doarren. Wij seagen yn alle gefallen heit en soan Hylkema en de bruorren Hoekstra nei binnen slûpen.
Fierder as in foto fan efter de doar mei Floris Hiemstra as portier kamen wij net.  De tekst op de doar is tafal.

Barbekjoe
Jim kinne jim noch altiten opjaan foar de barbekjoe mei it jubileum folgende wike. Dêrfoar moatte je jild oermeitsje. Foar 2.50 kinne je meidwaan. Dat jild moat sa gau as mooglik oermakke wurde yn ferbân mei de planning. It banknummer is: 349501033 op namme fan SDS, ûnder fermelding fan barbekjoe.
As it mar net sa giet as by Norwich City(klik
hjir).


Letter mear!