Seleksjes sneon 18-8

Wepperkes -freed-
17 augustus 2007
Utslaggen 18-8
17 augustus 2007

De lieders en technyske kommisje hawwe tongersdeitejûn suver foar de earste kear bijelkoar west om de alvetallen yn te dielen, want der steane trije bekerwedstriden op it programma.

SDS1 spilet út tsjin 1ste klasser Blauw Wit 1. De wedstryd begjint om 14.30 oere en se reizgje ôf om12.45 oere.
Dat binne de folgende spilers:
Jaap, Korné, Floris, Harm, Robert, Henk, Tjipke Klaas, Hendrik, Dirk, Skelte, Feiko, Jelmer, Arjan, Mark, Jildert

SDS 2 spilet om 19.00 oere tsjin Bolswardia 2. Om 18.00 wurde de folgende spilers ferwachte:
Kasper, Redmar, Geert, Robert, Pieter, Stefan, Bote, Jan Simon, Andrew, Douwe, Sybren, Ralph, Donny

SDS 3 soe spylje tsjin Franeker 5. Om ûnbegryplike redenen giet dat net troch: der binne te min spilers wylst SDS 4 en SDS 5 frij binne.

SDS A1 spilet thús foar de beker. Franeker A1 is de tsjinstanner en it begjint om 15.00 oere.