Wepperkes

LC berjocht oer stip
5 januari 2004
SDS siket nije jeugdtrainer (2)
6 januari 2004

* Ús lifters (Sjoerd en Jan) binne wer thús. Fanmiddei kaam ik se tsjin op wei nei (hoe sil it ek oars) de Jimbar. Sy hawwe weromreis net in soad liften. Om it winnersgefoel in bytsje te krijen hawwe sy weromreis mei de winners Wybren en Klaas (ek SDS) oplutsen. Best genôch, mar mei syn fjouweren krije je net sa gau in lift. At je al in lift krije dan kin it wêze dat der inkelen net sa komfortabel sitte (of lizze). Sjoerd en Jan moasten sa yn in Pick-up efteryn de bak lizze mei allinne in plastic kleedsje oer hun hinne. Ek yn Ingelân wie it net sok moai waar. Derom dernei mar wat faker yn ‘e bus, trein en metro sitten.

* Ek Nijlân hat in nije trainer. Rob Bosch is syn namme. Hy mailde spesjaal efkes nei de redaksje fan de SDS-side om dit witte te litten. Hy winsket ús in goed nijjier ta en hoopt ús folgend seizoen tsjin te kommen yn de 2e klasse. Nijlân sil der dan noch wol efkes oan lûke moatte, oansjoen sy no noch ûnderoan stean. Rob Bosch wie forig jier trainer by FC LEO en hat derfoar trainer west by Wardy.

* SDS spilet folgende wike mei twa teams yn it FEC. Beide spylje op tongersdeitejûn. Jimme kinne letter dizze wike it presyse programma noch besjen. SDS 1 is it sealfuotbalteam en SDS 2 it fjildteam. De seleksjes binne ús noch net bekend. SDS 1 sil wol wurde: Anne, Harm, Robert, Feite, Jan Simon, Peter en Willem. Miskien sit Tsjipke hjir noch by of miskien Gert Jan (?!) SDS 2 sil woansdeitejûn traine yn ‘e sporthal. Dan sil de seleksje wol bekend makke wurde.