Wepperkes

Liften
3 januari 2004
Liftdossiers
4 januari 2004

  • Nijjiersresepsje: Sa’n 50 minsken hawwe sneon de nijjiersresepsje bywenne yn de kantine fan de Skoalleseize. It wurd kampioenskip waard meardere kearen neamd. Der binne dan ek nochal wat troeven yn it spul (SDS 1, SDS 2, SDS 5 en Seal 1)
  • Traine: de A- seleksje begjint kommende tiisdei wer te trainen. Dat moat fansels ek wol at je kampioen wurde wolle
  • Traine: de B- seleksje begjint kommende tongersdei te trainen. Dat moat fansels ek wol at je kampioen wurde wolle. En ferskil moat er bliuwe.
  • Traine: SDS 5 wachtet noch efkes mei trainen. Sy tinke op routine de earste trainingen wol misse te kinnen.
  • Tsjeard Halbersma , de jonge ferdigener út Kubaard is nei in stage yn it bûtenlân ek werom yn it heitelân.
  • Zandvoort: Kommend wykein giet de A-seleksje in wykein nei Zandvoort. Mooglik dat wy dêr ek in liveferslach fan bringe kinne. Want it liften hat wol bewezen dat mei in sms-ke der hiel wat mooglik is om it thúsfront mei geniete litte te kinnen. Wy sykje noch wat sms-ers.
  • 10 jannewaris is der foar de senioren dy’t net mei gean nei Zandvoort in toernooi yn de sporthal. Opjaan kin by Roel Sijbesma. It begjint jûns om 19.00 oere