Wepperkes

Hearrefean(seal) wint Midsimmerkup
6 juli 2004
Wa moat de nije bondscoach wurde?
9 juli 2004

Nije gesicht
By de A-seleksje sjogge wy ek wer in nij gesicht. Net allinne foar de groep, mar ek yn ‘e groep. Ruurd Boorsma hat jieren by Bolswardia fuotballe, mar sjocht no yn dat SDS dochs ek net sa ’n rare klup is. Hy hat ek noch fekearing mei in famke út Easterein en dan is de keuze fansels hielendal gau makke.
 Dit is Ruurd.

Heechhâlde
Eltsenien kin fansels de reklame mei Ruud van Nistelrooy dy ’t in bus sjips heechhâldt. In soad minsken leauwe der neat fan dat hy dy sjips echt sa lang heechhâlde kin. Sa ek Hendrik Eringa fan Spannum. Hy besocht it sels ek ris te dwaan en dat gie him net gek ôf. Syn rekord is oan ’t no ta 5 kear. Probearje it sels ek ris en klik
hjir.

Einstân oare EK-Leagues
De Anema’s hawwe mei wiisselend sukses presteare yn de EK-Pool fan Littens. Oebele waard úteinlik fertsjinstlik 13e. Soan Skelte eindige 38e. Hjirmei eindige hy krekt boppe Egbert Bootsma dy ’t 46e waard.
Hjir kinne jimme de hiele einstân sjen.

Ruurd Boorsma is úteinlik 12.605e eindige yn ‘e VI-Continental League. Dit wie syn team:

Noch 10 Grieken derby en hy wie noch in hiel ein kaam en dan hie der ek noch bulten jild oer.