Wa moat de nije bondscoach wurde?

Wepperkes
7 juli 2004
Wêr hingje de measte kransen?
9 juli 2004

Wy wolle wolris witte wa jimme no eins as nije bondscoach hawwe wolle. Wat fine jimme der fan? Moat Willem van Hanegem it stokje fan Dick Advocaat oernimme? Moat Foppe de Haan derfoar? Is Marco van Basten geskikt? Is Ronald Koeman noch te jong? Moat Guus Hiddink der noch mar ris foar? Is Rinus Michels noch fit genôch? Oars is leeftiidsgenoat Kees Rijvers miskien wol wat. Leo Beenhakker hat krekt wer in nije baan. Moat hy dizze opsizze? Arie Haan? Wat docht dy eins? Morten Olsen as earste bûtenlânse coach. Of moatte wy dan earder oan Bobby Robson tinke. Co Adriaanse leit miskien te folle foar de hân. Jan Mulder kin miskien ek wol. Of giet Balkenende dan dwers lizzen? As Johan Cruijff dan net wol wêrom dan Johan “Secundo” Neeskens net freegje? Dy is no hast wolris útsjoen op NEC. Wy kinne it ek oer in hiele oare kânt smite en kieze foar Ton Boot of Toon Gerbrands. Joop Alberda is nei de Spelen ek wer frij.

Lit ús witte wa as fan jimme de nije bondscoach wurde moat op
info@vv-sds.nl Lit ek efkes witte wêrom.

Lit jimme net te bot liede troch de folgende webside:
www.foppevoorbondscoach.nl
Hjir kinne jimme ek stemme:
http://www.denieuwebondscoach.nl

Hjir kinne jimme Dick Advocaat noch efkes tank sizze (om ’t hy fuortgiet?)
http://www.achteradvocaat.com