Wa sit it earst oan de Becherovka

Wepperkes -freed-
21 december 2007
Wepperkes -sneon-
22 december 2007

Dat soe it tema wêze kinne fan de 7de liftwedstryd, dy’t op 1 jannewaris 2008 wer fan start giet bij de Jimbar yn Wommels.

Want de 9 koppels sille op wei nei Tsjechie. Dat skynt sa’n 1100 kilometer te wêzen, mar it kin ek wol ris folle mear wêze. It is mar wêr’t je lans ride.

It plak fan bestimming is Hanusovice yn it Reuzengebergte.

Dêr flak bij is in berch en dêr stiet in pension dêr steane in oantal bêden klear.

16 bêden foar 18 man/frou. Je wolle dus net lêst wurde.

 

De wedstryd is wer streekrjocht te folgen op dizze side. En it soe wol ris sa wêze kinne dat wij mei wat technyske snufkes hiel faak in prachtich byld krije kinne fan de posysje fan de ferskillende lifters. Der wurdt hurd oan wurke, letter mear der oer.

 

Earst mar efkes de dielnimmers.

Klaas Malda hat 4 kear meidien, wêrfan de lêste jierren oan de hân fan Teade de Boer (of wie it oarsom?). No docht er mei oan de hân fan freondinne Amarins Bouma út Boazum, dy’t har debút makket. Sij hoopje as earsten in bierke te drinken yn Tsjechie neffens de Boazumer mjitte. Wij ferwachtsje in soad fan dizze Wommels/Boazum kombinaasje en sette harren yn it rychje favoriten.

 

Wybren Jorritsma (6 kear meidien) en Namkje Koudenburg (4 kear meidien) triuwe wij gelyk ek mar yn de favoriterol. Wybren dy’t yn de Jimbar efter de bar alle taktiken fan oare ploegen opfangt en dêr harren strategy op ôfstimme. Yn in wintersk lân stean te liften mei in jonge faam dy’t kjeld yn de namme hat, is in net te ûnderskatten faktor.

 


 

 

Sjoerd en Jaring Rispens binne twa broers dy’t al wer foar de tredde kear tegearre in poging dwaan sille om oan te kommen. Wij witte seker dat it dit jier wer slagget, want se geane foarelkoar troch it fjoer. Sjoerd hat syn fuotbalkarriêre bij SDS op in leech pitsje en syn ferkearing op in heech pitsje setten en dêrom tinke wij dat hij as lieder fan dit team der foar soargje sil dat Jaring ek in goedkeap bierke keapje kin yn Tsjechie.

Tjitte Jelle Verbeek (Easterein) en Wytske Vermeulen (Kûbaard)   tippe wij dit jier ek. Hij hat alle wedstriden meidien en sij docht ek al foar de  5de kear mei. Se hawwe beide al in pear kear mei oare liftmaten op stap west en sij tinke dat se al dy erfaringen yn dit nije team omsette kinne yn in klinkende oerwinning. Wytske sjogge wij ek wol ris bij SDS trainen en allinne dêrom al heare se ta ús favoriten.

 

Tsjeard Hofstra (Wommels)en Sjoukje Koudenburg (Goaiïngea) fiere net allinne in striid tsjin de oare koppels mar foaral tsjin Wybren en Namkje. Ferline jier mei harren fjouweren as winners oer de streep mar no wolle se echt earst wêze. Tsjeard lifte alle kearen mei en Sjoukje makket foar de tredde kear dizze kâlde trip.  Ek sij binne ús favoriten want in goeie tarissing is it heale wurk.

 

Bram van Beem (Wommels) die al ris earder mei. As CDA politikus gie der doe hiele debatten oan mei FNP politika Beitske Kooistra út Gau. Tidens dy debatten misten se hiel wat liften. No kiest Bram foar de altyd rêstige Douwe Hibma út Wommels, dy’t syn debút  makket. De twa binne wat stil en stikem de lêste tiid dat wij tinke dat se der foar gean. Favoriten dus.

 

Beitske Kooistra (Gau) en Jeljer Zijlstra (Wommels). Wa’t dy net tipt as winners is gek. Beide in bytsje erfaring, mar beide fleurich fan sin. En dat is mear as de helt.

Dizze beide studinten geane as studinten de striid oan. Wij sjogge wol.

Mar let op : dizzen geane it meitsjen.

 

Paul Reitsma en Boukje Heeringa
Se hawwe as lêsten opjûn, mar mei de fûlens fan Boukje en de rêst fan Paul smyt dit team hege eagen. Paul hat al wat erfaring mar Boukje is in echte debutant. Dy wist in wike lyn noch net dat se dit avontoer oangean soe.

 

De twa teams dy’t op it lêste momint ôfheakken:

 

Eelke Veenstra (mei in V) en syn broer Wytze Veenstra (dêrom ek mei in V) fertsjintwurdigje Easterein. Wytze makket syn debút en Eelke hat al liftersroutine want ferline jier die hij ek mei nei Bell Yl en Mer. Sij kinne elkoar hiel goed en dat koe wol ris de trochslach jaan. De favoriten fan alle Eastereinders.

 

Fansels einige wij mei de grutste favoriten. Al jierren ús grutte favoriten en se stelle ús hieltyd minder teloar. No ’t  Jan Stenekes mei dit prachtige doel oankaam yn Tsjechie, kin it fansels net mear mis gean. Jan Stenekes en Sjoerd van Beem wolle miskien wol yn harren lêste liftavontoer flamme. En it soe dochs ek wol hiel ferfelend wêze dat sij let of hielendal net oankomme bij de famylje fan Jan syn freondinne yn Tsjechie. Dêr wolle je net alle jierdeifeessies oan herinnere wurde. Jan en Sjoerd geane net foar in goeie notearing, sy geane foar de winst.

 

Wolle jim wat kwyt oer it liften dan kin dat. Wij binne foaral ek benijd nei de tarissingen. Wij begripe wol dat se sels net al te folle priis jaan wolle, mar miskien kinne jim as bûtensteanders ús wat op de hichte hâlde.

Dit is it mailadres.