Wepperkes -sneon-

Wa sit it earst oan de Becherovka
21 december 2007
Wepperkes -snein-
22 december 2007

Sealtoernoai B- en C-junioaren
Hjoed wie der in sealtoernoai yn Easterein foar de B- en C-junioaren. Dit waard úteinlik wûn troch SDS(hoe kin it ek oars): Gerrit Kooistra, Leandro Ana Reitsma, Christian Zijlstra, Ayanle Ismail Barkat(“Anne-Jelle”), Jan de Boer en Sjoerd de Vries.


Krysttoernoai Frentsjer
Jûn is de earste foarronde fan it Krysttoernoai fan Frentsjer. SDS docht ek wer mei. De folgende spilers komme jûn yn aksje: Jaap, Skelte, Jildert, Tseard, Erik en Jacob-Klaas. Twadde Krystdei komt Willem hjir ek noch by.

Ek yn Frentsjer
Floris en Harm-Auke binne fannejûn ek yn Frentsjer te bewonderjen. Sy dogge mei by in bedriuw út Frentsjer. Hampie wist net mear welke………..

Misferstân
Der wie wat in misferstân oer de sealtoernoaien. It is no sa wurden:
29 desimber: Sealtoernoai SDS-senioaren mei A-junioaren.
12 jannewaris: Sealtoernoai A- en B-junioaren.
Foar it sealtoernoai fan 29 desimber wurdt der op rekkene dat yn elts gefal foar SDS 1, 2, 3 en de A-junioaren op alle spilers rekkene. Jou je noch wol efkes op by Durk of Willem.

Titustoernoai
Moarn is der yn de sporthal fan Easterein ek wer in sealtoernoai mei 8 ploegen mei in bult SDS’ers. It begjint om 11.00.

Berjocht fan de Sikma’s
Vorig jaar hebben we twee moeilijke wedstrijden tegen Wikels Hallum gespeeld. Dit kwam mede door het gevaarlijke spitsenduo Polet-Bosch. Gezien het aantal doelputen(Polet) en de transfer naar Cambuur(Bosch) was dit ook niet dus geen schande. Gisteren heeft Jurjen Bosch zijn debuut gemaakt voor cambuur 1 door Marinus Dijkhuizen te vervangen. En dit ging goed. (www.cambuurleeuwarden.nl) en Leeuwarder Courant.
Een leuk nieuwtje namens het sportjournalistische( nieuw woord voor de dikke van Dale) duo
Sijmen Sikma, Tsjalling Sikma


Kaarten
Hjoed wie der kaarten yn de kantine. Wy binne benijd nei de priiswinners.


Jingle Bells!
Sa rûn Kryst pakt Willem II net folle punten. Juster ferlearen sy dan ek fan De Graafschap. Foar de fans fan ADO Den Haag wie dat gjin ferrassing(klik hjir).

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, tips wat hjoed te dwaan, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.