Wa fynt it earste ljipaai?

Futsal: SDS 1 is kampioen!!
17 maart 2004
Opstellingen SDS 1 en 2 sneon
19 maart 2004

Yn ús greidegebiet hawwe wy it no net mear oer fuotbal, mar oer it aaisykjen. Yn it skoft fan in wedstriid wurdt praten oft er al in aai earne leit, en net at de ploech wol goed stiet.

Fansels wolle wy dêr op oan slute. Dêrom de wedstriid foar SDS leden, mei fansels wol in oantal regels .

 

Hokker SDS lid fynt it earste ljipaai

 

De betingsten binne:

 

         Der mei gjin kontribusjeefterstân wêze.

         It aai mei net fûn wurde op in momint dat er in training of wedstriid is.

         In fiersjogger en in auto as helpmiddel is net tastien.

         It aai mei net fûn wurde yn it fûgeltsjelân fan Skrok. (Sibe de seefûgel sjocht hjir op ta.)

         In digitale foto moat as bewiis tsjinje

         Der mei net socht wurde op fuotbalskuon

         Dielnimmers mei in fûgelnamme binne útsletten

 

Foto kin stjoerd wurde nei info@vv-sds.nl