Utslaggen sneon 9-5

Seleksjes sneon 9-5
8 mei 2009
Wepperkes snein 10-5
9 mei 2009

Mail de útslach, in koart ferslach en bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen.

    útslach
14:30 SDS 2  – Heerenveense Boys 2  3-2
14:30 SDS DA1 – Mulier DA1   0-6
10:15 SDS C1 – Akkrum C1  2-4
11:00 SDS C2 – Woudsend C1  4-17
9:00 SDS D1 – Makkum D2  10-0
9:00 SDS E1 – Foarut E1  7-3
10:00 SDS F1 – Zeerobben F3  10-1
10:00 SDS F4 – Nicator F2  8-0
14:30 Makkum 4 – SDS 4   2-1
14:30 Berlikum SC 4  – SDS 5   2-2
15:30 Leeuw. Zwaluwen 11 – SDS 6   3-6
14:30 RES B1 – SDS B1  0-4
12:00 Franeker SC D3 – SDS D2  17-0
10:00 Oosterlittens E3 – SDS E3  
10:15 Joure SC E7 – SDS E4  0-0
10:00 TOP’63 F2 – SDS F2  
9:00 Oosterlittens F1 – SDS F3  6-2


Dé wedstryd
Dé wedstryd fan hjoed wie fansels de neikompetysjewedstryd fan SDS 2 tsjin Heerenveense Boys 2. De minsken dy ’t SDS 2 net folle kâns joegen tsjin Heerenveense Boys liken al gau gelyk te krijen. Binnen 2 minuten stie der al in Hearenfeaner allinnich foar keeper Harm-Jan Kamstra(Marten moast keatse). Harm-Jan pakte de bal skitterend, mar koe der neat oan dwaan dat it dochs binnen 25 minuten al 2-0 foar de Feansters wie. Dochs bleaun SDS der yn leauwen, hielendal neidat Jan-Simon de bal nei in korner knap binnen kopte. Doe ’t Feite der út in frije traap(of rekke Henk him noch?) der ek noch 2-2 fan makke en der ien fan de Boys mei read fan it fjild moast, lei SDS 2 yniens wer boppe. Mei in man mear moast it de twadde helte ôfmakke wurde. Dit slagge allinnich net best. De frije man koe net maklik fûn wurde en Heerenveense Boys krige sels noch in beste kâns. Doe ’t eltsenien tocht dat it wol by 2-2 bliuwe soe, kopte Hendrik de bal nei in frije traap op de latte en makke Willem de rebound mei de holle ôf yn de 88e minút. Dochs noch 3-2 en dêrmei in goeie útgongsposysje foar tiisdei foar SDS 2.

Berlikum 4 – SDS 5     2-2
Op dit stuit lês ik it boek: “Wat bezielde Volkert van der G.” Yn dat boek wurdt alles der bij helle om te ferklearjen werom hij Pim (ûn)Fortuin fermoarde. In nijsgjirrich ûnderwerp hoewol je gjin antwurden op de fraach krije omdat de geast fan elke persoan oars is en net te trochsjen is. At ik de titel fan dit boek loslit op de wedstriid fan hjoed dan kin ik ek in soad fragen stelle. Werom fluite de skieds yn de earste helte nei 40 minuten al ôf? Docht hij dat wij B’s wiene? Werom lit sa’n erfaren ploech as SDS him opnaaie troch skiedsrjochterlike beslissingen? Werom reageare Harm Auke en Jappie sa opelkoar, wylst se beide dikke kânsen misse? Werom leaut de iene wol yn in bal en de oare net? Werom fûn Auke dat hij wol reedlik begûn wylst oaren fûnen dat hij as in krante begûn? Hoe kin it dat de skieds Jappie gjin strafskop joech en Sipke wol ien tsjin krige? Hoe is it dochs mooglik dat Tjeerd mar ien flater yn in wedstriid makket en dat soks meast in doelpunt (tsjin) wurdt?
Hoe is it dochs mooglik dat at lieder Stoffel seit dat hij tefreden is mij in punt dat dy punt dan der ek komt (en net mear) wylst Berltsum stiif ûnderoan komt. Mar de fraach wêr’t je bij sa’n wedstriid foaral mei sitten bliuwe is : Wat besielde de skeids om nei 41 minuten yn de twadde helte ôf te fluitsjen, krekt op it momint dat Klaas Visser yn de oanloop fan in frije traap is en de 2-3 hast falt.
Wij sille gjin antwurd krije. De skeids is nei ôfrin wer gau nei Ljouwert gien, wierskynlik op in brommer.
Feiten: Doelpunten fan Christiaan Hoekstra en Pieter Kamstra. 
(Aant)

Makkum 4 – SDS 4      2-1
In doelpunt fan Andrew (strafskop) wie te min om de winst mei nei Easterein te nimmen.

L. Zwaluwen 11 – SDS 6       3-6
Al wer in oerwinning fan SDS 6. Ids Boersma (krekt 50) wie mei in hiele jonge ploech nei Ljouwert (gemiddeld 20 of sa, sûnder Ids) en dat wie suksesfol. Jacob van Wieren (3) Doede Sijszeling en Sybren Wesselius en Bauke Jan Plantinga skoarden.

Joure SC  E7  –  SDS E4
Vandaag stond Joure op het programma, we moesten deze wedstrijd winnen om nog kampioen te kunnen worden.
De eerste minuten van de eerste helft waren we beter dan Joure maar de Keeper en de doelpalen van Joure stonden in de weg.
We gingen de rust in met de stand 0 – 0.
Tweede helft ging gelijk op maar echt gevaarlijk is Joure niet geweest om dat onze Jongens er goed boven op zaten zodat ze niet echt aan voetballen toe kwamen.
Eén keer was het bijna raak voor Joure, een goeie vrije trap richting het doel van Niels, maar deze kon de bal nog net met de vinger toppen aanraken zodat de bal tegen de paal het veld weer in rolde. Aan het einde van de tweede helft hebben we er alles aan gedaan om nog
3 punten mee naar huis te nemen maar het is niet gelukt. Eindstand 0 – 0 waar onze jongens
keihard voor hebben geknokt  KLASSE !!!!!.
De tweede plaats is veilig gesteld, theoretisch kunnen we nog kampioen worden maar dan moet
Joure de twee resterende wedstrijden verliezen (wat ik eerlijk gezegd niet zie zitten) en wij de laatste wedstrijd
moeten winnen. We zullen het moeten afwachten.
Oene Bauke

SDS F1- Zeerobben F3
Wij hebben zaterdag gevoetbald tegen zeerobben en ik was deze keer aanvoerder.
We hebben met 10-1 gewonnen.
De kinderen die gescoord hebben zijn:
Hendrik (2), Peter (3), Kees (2), Wytse (2) en Arnout (1).
En ik heb 2 keer bijna gescoord. 1 keer op de paal en 1 keer tegen de keeper aan.
Het was een leuke wedstrijd.
En ik moest van Joad zeggen dat hij de coolste trainer van sds is.

Groetjes Jerryt