Utslaggen sneon 24/2.

Wepperkes -freed-
23 februari 2007
Wepperkes -sneon-
24 februari 2007

Der is hjoed in ynhelprogramma. Utslaggen graach trochjaan foar sa fier se der noch net op stean. Maile kin nei dit adres 

 útslach
14:30 SDS 2 (zat) – CVVO 2 (zat)  4-2
12:15 SDS 3 (zat) – Makkum 2 (zat)  2-1
12:45 SDS 5  – Blauw Wit ’34 9  1-1
10:40 SDS B2 – SneekWitZwart B2  2-10
12:45 VOG 2 (zat) – SDS 6 (zat)  2-3
13:00 Bant A1 – SDS A1  0-5

Bij de wedstriden

SDS 2 – CVVO 2
In fersterkt SDS 2 sette prima útein. Se kamen foar mei 2-0 troch doelpunten fan Tsjipke Klaas en Anne. CVVO 2 kaam goed werom: bij it skoft wie al 2-2. Yn de twadde helte makke Anne der 3-2 fan. Yn de lêste minút waard it sels noch 4-2 troch wer in goal fan Tsjipke. 

SDS 3 – Makkum 2    2-1
In dreech befochten oerwinning. Syb Overal en Ruurd Boorsma skoorden foar SDS. Ruurd die dit al wer út in strafskop. Hij miste lykwols ek noch in strafskop, sadat hij moarn opnommen wurdt yn it Clarence Sluier Klassemint.

SDS 5 – Blauw Wit 9 1-1
In spannende en goeie wedstryd. Blauw Wit wie yn de earste helte de better ploech en SDS yn de twadde.
Klaas Visser skoorde út in frije traap de skitterende gelykmakker.

VOG 2- SDS 6
SDS 6 helle dit seizoen foar de twadde kear in oerwinning en op ‘e nij tsjin VOG 6. SDS 6 hat no 6 punten wêrfan 6 fan VOG 2. It is te hoopjen dat VOG it seizoen ôfmakket want as sy út de kompetysje stappe dan is SDS al syn punten kwyt.
Wa jout de doelpuntenmakkers troch? Mail it nei dit adres .

Bant A1 – SDS A1
A 1 skoorde 5 kear yn de polder. Mar wa’t de doelpunten makke is ús net bekind.
 

Fansels hoopje wij de útslaggen en dêrbij hearrende nijtsjes te ûntfangen. Dat kin ek op  dit adres