Evenementen in december 2022

Weppers freed 18-5
17 mei 2012
Weppers snein 20-5
19 mei 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

      útslach
9:00 SDS D2 Harlingen D1  0-1
9:00 SDS E1 ONS Sneek E2  4-1
9:00 SDS E2 SWZ E9  12-2
10:10 SDS F6 TOP’63 F2  1-1
10:15 SDS C2 JV Bolsward C3  
11:00 SDS D3 LSC 1890 D6  ……..
12:00 SDS A1 OudegaHJSC A1  g.n.t.
13:00 SDS B1 Lemmer B1  5-0
17:00 SDS 1 Mulier 1  1-3
       
9:00 SWZ E10 SDS E3  6-0
9:00 Nijland F1 SDS F2  4-4
9:00 Nijland F2 SDS F3  9-4
9:00 Oosterlittens F4 SDS F5  2-6
10:15 Nijland E2 SDS E5  4-2
10:30 Leeuwarden D1 SDS D1  1-1
11:00 Mulier C1 SDS C1  2-7
12:30 Akkrum E6G SDS E4  2-2
14:00 Lions’66 3 SDS 4  6-1
14:30 Franeker SC 2 SDS 3  5-2
14:30 Joure SC DA1 SDS DA1  4-2


g.n.t.= Giet net troch (om wat foar onnoazele reden dan ek……)

SDS 1 – Mulier 1
Wat wij der fan sjoen hawwe hold net echt oer. Mulier wie folle feller en SDS kaam net oan fuotbaljen ta. It doelpunt fan SDS foel yn de twadde helte nei in foarset fan Skelte koe Tsjipke Klaas technysk behearst ynkoppe.
Op dat momint wie der mei de stân 1-1 noch wat hoop mar de 1-2 en 1-3 soargen der foar dat SDS tiisdei yn Wytmarsum better bij de les wêze moat.

SC Franeker 2 – SDS 3 5-2
SDS 3 ferlear mei 5-2 fan nûmer 2 SC Franeker. Wy wiene wol benijd hoe dit sa koe en wa ’t de SDS-doelpunten makke hat. Hendrik Engbringhof twittert ús fan de ontbijttafel dat Hendrik de Jong twa kear skoarde.

Lions 3 – SDS 4      6-1
It seizoen fan SDS 4 sit der op. Doede Kooistra wist te skoaren en dêrmei einige SDS 4 op it ien nei lêste plakje.

SC Joure DA1 – SDS DA1 4-2
Juster in drege pot tsjin Joure. De tweet fan Da1 joech oan dat we nei de griene fjilden giene, dizze wiene earder swart… De korreltsjes rubber fleinen ús om de earen en de fuotten waarden hearlik broeierich.
We starten prima, soad druk en in soad kânsen. Nei in healoerke foel doe de tsjingoal fanút in rommelige cornerbal. SDS wer trape ôf, Tessa lei de bal werom op Hiem, sy joech in prachtige. hege bal foar. Tessa passeart 2 man en rond moai ôf yn de linkerhoeke. Doe rust, de ‘hearlike’ tee hat ús net goed dien. Nei 10 min. foel de 2-1 mar lyk dernei kaam Tessa wer oan de bal en ronde it wer strak ôf. Gelykspul. Fanút links in oanfal fan Joure, de spits koe skoppe. De bal yn’e hannen fan Tarina, tikke werom op de peal en rolle doe spytich yn’e goal. Nei in pear ûngemakjes oan ús kant moast der somtiden ek wat ymprofiseare wurde. Dit hat it team goed oplost! Gearwurking stie boppeoan. Dochs foel yn’e lêtste 10 min. ek de 4e goal foar Joure. Moaie wedstriid, goeie skeids, warm fjild. 4-2. En letterlyk.. we ha fochten mei bloed, in hiel soad swit en wat triennen. Nije wike de streekderby tsjin Easterlittens, komt dat zien!
DA1

Efkes Balje (freedtejûn)
Neam it gerêst mar Efkes Hiel Lang Balje, want it entûsjasme om te stopje yn in spannende partij is hiel lyts. It entûsjasme om te kommen is hiel grut. 16 man/frou koene juster wer stevich ynpasse om it iets te lange gers te trotsearen. It waard in echte triller, der siet in soad fjoer, samba en beweging yn mar wat wol je ek oars at de muzyk en lûden fan Euphonia op it stikje fjild wat noch iepen wie, it gerop betiden oerraasde.
In wolkom oan debutante Marjan (?) fan Reahûs, sij woe it ek wol ris meimeitsje. Fierders de fertroude gesichten dy’t yn 75 minuten feroaren fan fris en fruitich nei wurch en ferwarre. Johan Heerma kombinearde E(HL)B  mei in keeperstraininkje, Marije de Vries krige de hannen op elkoar foar yn in drukwekkende solo en de winnende wie fan Wouter Hylkema. De fraach is at der ea sa’n bijsûnder doelpunt makke hat yn syn lange karriere.
It is net útsluten dat Efkes Balje ek Hidaard noch in kear oandwaan sil dêr steane de doelen te wachten. Mar earst noch yn Wommels de kommende wiken, want de echte leafhawwers binne noch lang net útballe.

Mulier C1 – SDS C1   2 – 7
Op een zonovergoten veld speelde C1 zijn laatse competitiewedstrijd. We misten nogal wat spelers, maar na wat hoofdbrekens kwam er toch een gedegen opstelling op het veld. Met Pieter op goal en Gerwin op de rechtsachter. De start was voor de thuisspelende partij. Nadat Gerwin doorschoof naar de mid/mid kantelde de wedstrijd volledig. Zijn fysieke spel, gecombineeerd met een goed overzicht heeft ons dit jaar al veel winst opgeleverd. De eerste goal kwam tot stand via een Pol-combi. Man-of- the- match Almar deed daarna precies wat van hem verwacht werd en scoorde liefst 5x. Opmerkelijk was dat de keeper waarmee we eindigden zowel twee goals maakte, als twee keer moest vissen, waarvan één keer uit een penalty.
Al met al  eindigt hier een mooi seizoen, waarschijnlijk zonder bekroning, maar de laatste wedstrijd van koploper AVC kan alsnog het kampioenschap opleveren, we wachten af. Jurjen en Jacob bedankt voor het vele vlaggen dit jaar!
Tjerk

SDS E1- ONS E1
In kampioenskip sit der krekt net mear yn, mar in twadde plakje hawwe se yn eigen hân. Fol fjoer gyngen se los en mei krekt wat mear felheid as de tsjinstanner en goed spul wie it bij de skoft 3-0. Yn de twadde helte te folle mei de bal rinne ynstee fan oerspylje en bij balferlies te folle romte efter foar de tsjinstanner. It waard 1-3 ,mar ien fan de safolle eigen kânsen waard úteinlik troch Steven benut: 4-1  en in terjochte oerwinning.

SDS F6 – TOP’63 F2  1-1
Nei de kalde douche fan foarige wike (die blykber goed holpen hat) stûn der dizze wike in hiel oar F6 yn it fjild. Der waard wer fuotbalt en dat is moai, want der komme we fansels foar!
Dat we wol mei 0-1 efter kwamen hie de ynset net ûnder te lijen en fol enthousiasme gongen we nei de limonade op syk nei de lykmakker.
It wie Niels die nei in prachtige solo healwei de 2e helte de 1-1 binnen skopte. Jammer dat we die aktie net even yn de herhaling op Studio Sport sjen kinne.
Mear doelpunten sieten der hjoed fan beide kanten net mear yn, mar nei de ‘deceptie’ fan foarige wike waard dizze wedstriid fiert as in oerwinning. De waarme douche wie dan ek foar iederien dik fertsjinne!
Liesbeth