Weppers snein 20-5

Utslaggen sneon 19-5
17 mei 2012
Weppers moandei 21-5
20 mei 2012

Pupillen fan de wike

In goeie hiene Michael van der Weg en Remco Abma dien. Sij wisten oan it begjin fan de wedstriid al dat se mei Tsjipke Klaas Okkema op de foto woene. En lit dat no krekt de spiler wêze dy’t it ienige SDS doelpunt makket.

E2 skoart

E2 helle juster in monsterskoare. Mar leafst 12 kear skoarden se tsjin SWZ10. Hjir is ien fan de doelpunten fan de readen (SDS) yn de maak.

E1 skoart

In bal dy’t yn it doel leit, teloarstelde ONS ferdigeners, in keeper fan ONS dy’t de bal der út helje moat en spilers fan SDS dy’t in doelpunt fiere. E1 wûn mei 4-1.

It jaske
It fermiste jaske fan Hendrik is werom. Dank foar it sykjen  it is no net mear nedich.

Paskes ynleverje
Alle teams die klaar zijn met voetballen dienen hun passen in te leveren bij: 
Tineke Vink
de Singel 30a
8734 HR Easterein
of zaterdag 26 mei tussen 9:00 en 17:00 in het wedstrijdsecretariaat.
Fam. Vink

Mannen fan SDS 2,
It is wer tiid foar us jierliks teamuitje.
Hjirunder it programma:
Wannear: sneon 26 maaie om 15.30
Wer: Bushalte De Terp
Werhinne: Ljouwert
Wat: 16.15 praemfarre fanôf de Nijsted (tsjinoer boekhannel v/d Velde) ûnder it genot fan in hapke en in snapke
17.30 Eetlokaal Vrouwenpoort (der binne allegear froulju ;- ) ) foar in dinnerbuffet
????? Borrelje en op stap
Kosten: €50,00 euro p.p.
Wat ha je derfoar: praemfaren mei hapke en snapke, dinnerbuffet mei miskien noch in drankje, attinsjes foar de minsken dy’t ofskie nimme.
Buskaartsje en it bier foar de juns sit der net by yn. Ek de weromreis sit hjir net by yn.
Graach €50,00 oermeitsje mei eigen namme +teamuitje op bankrekkeningnummer 3087.48.131 t.n.v. J. Brouwer
Op in gesellige jun!
Groetnis Jeroen en Feite.


Jierdeis
Wij binne wer ris wat efter mei de jierdeis.
Tongersdei hiene wij Jesmer Zonnenberg yn de kalinder stean en hij is 7 jier wurden.
Iets âlder fan leeftyd mar noch altiten tige jong fan geast is Tjerk Okkema. Hij waard juster 56 jier.
En hjoed is der wat te fieren bij Pieter de Vries (16), Jan Fokke Rispens (15) , en Gjalt Kempe (7). Allegear fan herte lokwinske.

Harsens derby (765)
Lóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóósssss!