Utslaggen en oar nijs!

SDS League: Rick pakt kopposysje!
4 maart 2016
Weppers tiisdei 8-3
7 maart 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

Tiid Wedstryd   Útslach
9:00 SDS E3 Balk E2 g.n.t.
9:00 SDS D2 Oosterlittens D2 g.n.t.
10:15 SDS F4 LSC 1890 F8 g.n.t.
10:15 SDS F2 IJVC F3 g.n.t.
11:30 SDS C2 Dronrijp/Foarut C3 g.n.t.
14:30 SDS 2 Lions’66 2 g.n.t.
9:00 Leovardia D3 SDS D1  3-7
10:15 Makkum E2 SDS E2  3-1
10:00 TOP’63 C1 SDS C3 g.n.t.
10:00 Mulier E2 SDS E4 g.n.t. 
10:15 SC Bolsward F3 SDS F3 g.n.t.
13:05 FVC MC1 SDS MC1  5-2
14:30 Waterpoort Boys 1 SDS 1 g.n.t.

SDS 1
WPB  1 – SDS 1 wie ien fan de  twa wedstriden yn de tredde klasse A dy’t net troch gie. De 5 wedstriden dy’t wol troch gyngen levere ien meunsterskoare op: Minnertgea wûn mei 8-0 fan Mulier. Sjoch
hjir foar de oare útslaggen en stand.
Sneon spilet SDS 1 thús tsjin NOK 1 om 14.30 oere.
De wedstryd tsjin WPB sil heechstwierskynlik ynhelle wurde op sneon 26 maart (“Peaskesneon”).

SDS A1 Perioadekampioen!
Sûnder te fuotbaljen hat SDS A1 juster de 2e Perioade pakt. Sawol sc Stiens as GAVC spilen juster lyk en dat betsjut dat SDS A1 de Perioade pakt. Sy hawwe yn de 2e-Perioade likefolle punten as GAVC, mar in better doelsaldo. Yn de stân stiet SDS A1 no boppe-oan mei likefolle punten as sc Stiens, mar op ‘e nij in better doelsaldo.
Kommende sneon spilet A1 om 12.00 oere thús tsjin  Terschelling A1.

Marco Hoekstra
Takomstich SDS 1 trainer Marco Hoekstra hie sneon mei syn ploech Scharnegoutum in topper op de Havelterberch tsjin FDS (FitDoorSport). It waard in 1-1 gelykspul en FDS stiet no noch trije punten efter mei in wedstriid minder spile. It is dêr dus razend spannend.

Redmer Strikwerda
Ald SDS-er Redmer Strikwerda fuotballet bij sc Bolsward en wij seagen him hjoed ynfallen bij in 1-1 stân tsjin Heech. De einstân wie 3-1 dus hie dat ynfallen wol sin. In sekere Gietema skoarde wer trije kear.

WF

Oerwaaid út Ingelân, it “Walking Fuotbal”, in soarte mei pupillenfuotbal  foar boppe de 59. sc Bolsward hat it foartou nommen yn de Súdwesthoeke en sneon wie der in demonstraasje mei in wedstriid tsjin sc Hearrenfean. Der wurdt balle mei 6 tsjin 6 sûnder doelman op in akelich lyts fjildsje en drave is ferbean. Net drave dêr wurdt moandeis op traind……
De wepmaster dy’t ta de doelgroep heart en “útnoege” wie om efkes te sjen, is bliid dat hij freeds bij it Efkes Baljen noch wol drave mei, sadat in oerstap op dit stuit útsletten is. Rients Smit, Epeus Jorritsma en Appie Posthumus dy’t ek oanwêzich wiene en âld SDS-er en Bieren bewenner Kees van Leeuwen dêr troffen, hawwe in goed oanbod noch yn oerwaging, sa liet harren saakwaarnimmer ús witte…..

Bynammen
Ôfrûne wike seagen jim hjir in foarbeskouwing op de wedstryd WPB 1 – SDS 1 fan Voetbalnederland. Hjir op waard mei nammen dúdlik dat sy by WPB wat mear fan de bynammen binne. By SDS 1 binne fansels ek genôch lju mei in bynamme. Witte jim in bynamme of hawwe jim suggestjes, mail se dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby (1683)
Somtiden wol der bal der gewoan net yn………