Weppers tiisdei 8-3

Utslaggen en oar nijs!
5 maart 2016
Weppers woansdei 9-3
8 maart 2016

Sneon 12 maart


Op ‘e nij fêststeld

De ôflaste wedstryd Waterpoort Boys 1 – SDS 1 is troch de KNVB op ‘e nij fêststeld op (“Peaske”)sneon 26 maart.

SDS A1 en C1
SDS A1 spilet sneon om 10.30 oere tsjin Terschelling A1. Dit om ’t de mannen fan Skylge om 12.30 oere wer op de boat sitte moatte. Dit betsjut dat de wedstryd fan SDS C1 tsjin AVC C1 om 12.00 oere begjint.

Karate
De jongens fan A1 sille tongersdei in karateles hawwe. De bedoeling is dat dit harren in stjitsje jaan sil yn de goeie rjochting fan it kampioenskip.

SDS 3 en 4
SDS 3 en 4 sille kommende tongersdei écht foar it earst nei de winterstop wer traine. De waarsfoarútsjochten lykje net sa gek, dus it kin oangean!

De feilingpriis fersulverje

Samme en Dirk Yde binne sneon by it Hearrenfean west yn de skyboks fan Heineken; in feilingpriis fan ferline jier. In poerminne wedstriid, mar efter it raam wie it noflik toevje…

SDS-look-a-likes
De nije Treffer komt der wer oan, dus wy kinne wol wer wat SDS-look-a-likes brûke. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!
Eardere SDS-Look-a-likes kinne jim hjir fine.

Harsens derby (1684)
“Tikkie werom, Jaap!!”