SDS League: Rick pakt kopposysje!

Weppers freed 4-3
3 maart 2016
Utslaggen en oar nijs!
5 maart 2016

Rick Hendriks treft it mar dizze wike. Ferline wike freed wie der jierdei, juster gie Feyenoord nei de finale fan de beker en no pakt hy ek noch de kopposysje yn de SDS League. In wiere “Hattrick”. It levere allinnich noch gjin wykpriis op.

Mar wol in dikke lekkerbek…….

Lolke Hofstra begûn hiel beskieden mei “Rockin’ in a Free World” op it 35e plak. Hjirmei struide der eltsenien sân yn de eagen, want hy pakt dizze wike de wykpriis en stiet no 3e.

Wy sjogge Feyenoord noch net op de Coolsingel, mar der binne Feyenoorders dy ’t altiten hoop hâlde. Sa ek Dirk Stegenga. Mei “De Coolsingel nog in zicht” begie der foarsichtich op it 11e plak, mar no stiet hy dochs al wer 4e.

“FC Winnaars” fan Tom Wijnia stiet noch altiten stiif lêst. Tom hat der sels net folle problemen mei. “Asto it papier op de kop hâldst, dan stean ik boppe-oan!”



Sjoch hjir dan foar de nijste stân:
wike 2.