Utslaggen 9-10

Seleksjes sneon 9-10
7 oktober 2010
Weppers snein 10-10
9 oktober 2010

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.

    útslach
9:00 SDS C2 – QVC C1  0-2
9:00 SDS E1 – Balk E2  3-2
9:00 SDS E5 – SneekWit-Zwart E8  2-1
10:00 SDS E4 – CVVO E7  1-6
10:00 SDS F2 – Oldeboorn F1  1-17
10:30 SDS C1 – Mulier C1  7-1
11:15 SDS D1 – SneekWit-Zwart D1  2-8
12:30 SDS 2 – Urk 4  4-0
12:30 SDS D2 – Mulier D1  0-6
14:00 SDS DA1 – Zeerobben DA1  2-5
15:00 SDS 1 – Minnertsga 1  2-2
16:00 SDS DA2 – DVBolsward DA2  0-3 n.n.d.
9:00 NOK E2 – SDS E3  1-9
9:00 Heeg F4 – SDS F4  2-5
10:10 Oosterlittens F2 – SDS F3  2-1
10:15 Heerenveen E7 – SDS E2  2-3
10:30 Wykels Hallum A1 – SDS A1  4-1
10:30 Tzummarum D2 – SDS D4  2-3
11:00 Heeg B1 – SDS B1  9-1
11:00 Oldeboorn D1 – SDS D3  7-4
11:30 LSC 1890 F2 – SDS F1  3-1
13:30 Joure SC 3 – SDS 3  4-2
14:30 Urk 10 – SDS 5  2-3
14:30 AVC 4 – SDS 6  1-3
15:00 Sleat 3 – SDS 4  3-3

SDS 1 – Minnertsga 1     2-2
It sil tongere hawwe yn de rêst. Net bûten mar yn de klaaikeamer fan SDS 1. In teloarstellende earste helte mei te lange roufases bij bepaalde spilers. Der ûntstie oan de kant in yndruk dat it hillige fjoer der net wie. Minnertsgea stelde dêr net al te folle tsjinoer, mar sij skoarden wol twa kear.
De 0-2 bij it skoft waard lykwols nei de tee yn 10 minuten lyklutsen. Jelmer Posthumus, tongersdei werom kommen fanút Afganistan foar twa wykeinen, makke syn wurden fan tongersdeitejûn wier: “Ik bin Jelmer, doelpuntenmakker fan SDS”,  sa liet hij de trainer witte.
De goeie ynset yn de twadde helte die ek bliken út de prima aksje fan Skelte Anema bij it twadde doelpunt. Fanôf de efterline berikte hij Feiko, dy’t Mark syn holle berikke koe. In moaie kopbal en de 2-2 op it boerd.
SDS krige dêrnei noch in oantal grutte kânsen mar de doelman fan Minnertsgea rêde in punt. It gefoel nei de tiid? Sjoch hjir.

SDS 2 – Urk 4        4-0
Mei it skoft wie it al 2-0 troch doelpunten fan Andries Brinksma en Hendrik de Jong. Nei de tee wiene der tal fan kânsen mar it duorre oant de lêste 10 minuten ta dat Hendrik de Jong en Gerrit Flisijn der noch twa ynskeaten.

sc Joure 3 – SDS 3    4-2
Yn de tredde helte siet der gjin tefreden SDS 3 ploech oan de tafel. Doelpunten fan Gerlof Veldstra en Christiaan Plantinga.

Sleat 3 – SDS 4 3-3
Na een slechte 1ste helft waar we uiteindelijk na een 2-0 achterstand toch nog met 2-1 de rust in gingen.
De 2de helft was stukken beter en met veel inzet kwamen we terug tot 2-2 en door een fout van de keeper kwamen we zelfs 2-3 voor! 
Nadat we bijna op 2-4 kwamen door een bal op de lat,  viel hij toch nog aan de andere kant. 
Uitslag 3-3
Doelpuntenmakers: 
Johan Delfsma 2x
Bas de Haan 1x

AVC 4 – SDS 6      1-3
De meast suksesfolle ploech fan SDS liket op dit momint SDS 6. Noch net ferslein en ek no yn Seisbierrum lieten se harren net fan de wiis bringe Ayanle Ismail Barkat, Bauke Jan Plantinga en Johan Postma makken de doelpunten. Sjoch hjir foar it útgebreide wedstrydferslach fan Steffen Bruinsma.

SDS D2 – Mulier D1  0-6
Weer meer vooruitgang in het spel van SDS D2 wat zaterdag aan moest treden tegen Mulier.
In de eerste helft waren de teams goed aan elkaar gewaagd en werd er leuk gespeeld en waren er een paar leuke kansen voor SDS , toch wist Mulier twee keer te scoren iets wat bij ons steeds net niet lukte.
De tweede helft kreeg SDS nog een paar kansen maar benutte ze helaas net niet,Mulier maakte nog vier doelpunten wat de eindstand op 0-6 bracht. 
Willem

SDS E5- Wit-Zwart
De mannen fan E5 binne yn “the winning mood”!! Op`e ny ha se wûn!
Al om 9.00 moast der fuotballe wurde yn Easterein,dat wie wol betiid mar dêr ha se net lest fan hân. Wol dat it fjild wiet wie,om de beurt kamen de mannen by de lierders om te sizzen dat harren sokken wiet wiene! Mar wat ha se balle,moai mei elkoar en behearsd. Jammer genoch troch in snelle corner die tusken alle fuotten troch skeat,wie it samar 0-1 foar de Snitsers. Nei de limonade hie ùs offisjele skiedsrjochter de sliep ek ùt J en koe Jacob wer oan de sydline stean. En wer wie SDS mear oan de bal en ha se dat ek sjen litten troch 2-1 (Johannes)  fan de einstân te meitsjen!!
Dit ha se mar wer en nye wike mar wer sjen!!
Elisabeth

SDS F3 yn topduel ûnderút mei 2-1
Ja dat klinkt súver professioneel mar ôfrûne sneon stie der in wiere topper op it programma fan SDS F3. Yn en tsjin Easterlittens F2 moast útfochten wurde wa de wiere koprinner wurde mocht. It like der lange tiid op dat it ûnbeslist bliuwe soe mar twa minuten foar tiid makke Easterlittens de winnende goal.
Yn de earste helte kaam SDS op efterstân troch in ûnhâldber skot fia de peal. Toch wiene beide ploegen bot oan elkoar weage en wienen der foar SDS ek kânsen mar de lykmakker foel net. Yn de twadde helte, mei in grauwe mars yn it foarútsjoch, gie SDS gelyk yn de oanfal en makke Gerben de gelykmakker. Dêrnei wienen der kânsen oer en wer mar wienen de Littensers dochs in bytsje gefaerliker. De ferdigening fan SDS en ek it keeperswurk wienen poerbêst mar op it lêst krige Easterlittens noch in bêste kans en skeat de bal yn it krús. Beide goals fan Littens waarden makke troch harren bêste spiler en dy stiek der ek echt boppeút, hy hie dan ek 25 fan de 30 goals fan de Littensers foar syn rekken naam. Gjin skande dus foar SDS F3. Nije wike tsjin Boalsert sjen dat wy wer oanheakje kinne.
 
Groetnis Karst