Utslaggen 16 oktober

Seleksjes SDS 2,3 en 4 sneon
15 oktober 2004
Wepperkes -sneontejûn-
16 oktober 2004

Utslaggen 16 oktober 2004

 

It wie de beker dei. SDS 2 en B1 moasten yn Easterein oantrede.

B1 : sy moasten spylje tsjin LSC B1. Yn de kompetysje spylje de Snitsers 2 klassen heger. Yn dizze wedstriid wie dat net te sjen.

Jelmer Posthumus makke 1-0. Foar de thee kamen de Snitsers op 1-1.

Nei de thee waard er net mear skoord. Strafskoppen dus.

Nimmen fan SDS woe yn it Clarence Sluier klassemint em dus skoorde SDS 5 kear. Jelmer P., Andrew Feijten, Redmar Strikwerda, Feiko Broersma en Paul de Boer wiene de skutters. LSC miste 1 kear.

 

SDS2 wûn mei 5-1 fan Heerenveense Boys.

Doelpunten wiene der fan Stephan van Krimpen (2), Henk Postma (2) en Tsjeard Halbersma.

 

Neist beker fuotbal wie der ien kompetysjewedstriid: SDS 4 moast tsjin Makkum 3. It wie te merken dat Makkum 2 frij wie, want Makkum wie de bettere ploech. Roel Sijbesma skoorde lykwols út in lêstige hoeke en Ype Tiemersma strafte in flater fan de Makkum ferdigening ôf.

Nei de rêst skoorde Makkum út in strafskop. It waard dus 2-1 en de earste periode komt wol hiel ticht by.

 

Der wie ek in oefenwedstriid: SDS 3 tsjin SDS A1. It waard 5-0 foar SDS 3.