Wepperkes -sneontejûn-

Utslaggen 16 oktober
16 oktober 2004
Wepperkes -snein –
17 oktober 2004

SDS4

“Dy lui binne mei elkoar al 500 en wy noch gjin 100,”rôp de oanfierder fan Makkum oan it begjin fan de twadde helte tsjin Makkum 3. “500 jier ? Wy , dat is dochs net wier?”

Thús mar efkes neisjen, want at dat wier is dan moatte dy Makkumers harren skamje dat se de 2-0 efterstân oprûn yn de earste helte net ynrinne koene.

De 14 spilers dy’t meidiene wiene mei elkoar 625 jier. Dat is in gemiddelde fan 44,6 jier. At wy fan 11 spilers útgeane is dat 492 jier. Dy Makkumer hie it goed besjoen.

Oer de wedstriid soene je wer in hiel grut ferhaal skriuwe kinne. Hoe goed de ferdigening wie, hoe hurd it middenfjild wer wurkje moast en hoe doeltreffend de foarhoede wer wie. En Jaap Boekholt dan: Dy hie in makje. Hy krige in protte weromspylballen mar fierders as de 16 mochten de Makkumers net komme.

Ien kear moast hy fiskje. Ien fan de spilers mei in kuorkebaleftergrûn sloech de bal fuort/krige de bal ûngelokkich tsjin syn hân en de strafskop waard goed benutten troch Makkum.

Roel en Ype wiene de skutters fan SDS.

6 wedstriden spile en 6 kear wûn: der wurde no al plannen makke foar it winterkampioensfeestje.

 

Jaap en Korné

Beide Boekholten binne doelman. De iene by SDS 4 de oare by SDS B-1. Sneontemiddei om 12.45 oere moasten beide ploegen tagelyk spylje yn Easterein. Foar Jaap in kwelling, want hy is gewoanwei ek lieder fan B-1 en hie muoite om it spul fan SDS 4 te folgen want syn blik gie wol gauris nei it A-fjild wêr’t soan Korné de Snitsers op 1-1 hâldt.

 

Doelpuntenmakkers
Ien kompetysjewedstriid mei 2 doelpunten. Ype en Roel steane no beide op 6 doelpunten en steane noch ien efter op Hendrik de Jong. De komplet list stiet by senioren

 

De tillefoan giet…

Goed 12 oere rinkele de tillefoan by huze Dijkstra. Matty siet al te wachtsjen.

“Mei Tjeerd, soesto myn tas ek bringe kinne”,

“hhdgegruttekkdlldkkkloatjdhjjj”

“Nee, it is net watst tinkst, ik haw neat fergetten, mar it tredde hat te min, dus kin ik noch efkes meidwaan”
Dus brocht Matty dochs wer in tas nei de Skoalleseize, ek al koe Tjeerd der net folle oan dwaan.

 

De tillefoan giet….

Dizze kear by huze Hiemstra. Sipke wie syn broekje fergetten. Omdat dit de earste kear wie fan Sipke jouwe wy it noch net troch oan de krante.

 

Opstelling
Jelle de Boer joech ferline wike oan dat hy de opstelling graach wat earder witte wol. Dan kin der him der better op yn stelle. Lieder Ids hat dêr dizze wike efkes oer neitocht en fûn dat in goed idee. Goed healwei 1 oere, begûn Ids syn praatsje: “Earst de opstelling mar efkes, dan kin Jelle him mar …. konsintreare. Eilaas wie Jelle te let yn de boks en koe yn de earste helte 3 kertier gekonsintreard oan de kant neitinke oer de opstelling.

 

SDS-WPB

Kommende wike spilet SDS tsjin de prachtige klup út Snits: WPB. Klaas Okkema wurket mei Richard de Jong fan WPB. Sy hawwe it der al dagen oer. Klaas is der wol wis fan dat SDS wint en Richard sjocht de wetterpoartejonges winnen. Sy doare der hiel wat tusken te setten. Wat? Dat kinne jim de kommende dagen lêze op dizze side.

 

Jierdei
Dizze wike waard ien fan de spilers fan SDS 4 30 jier. Syn meispilers hiene foar him in plaatsje oanfrege foar Omrop Fryslân. Gurke Douwstra song fan é moarn spesjaal foar Folkert Rients Vellinga it liet fan 35 + . Want oer 5 jier is hy in echte feteraan.