Utslaggen 13-10-2007

Wepperkes -freed-
12 oktober 2007
Wepperkes -snein-
13 oktober 2007

In beheind programma dit wykein. Hawwe jim in útslach of wat te melden oer de wedstriden mail it ús. Graach nei beide adressen.

    útslach
12:15 SDS 3 (zat) – CSL 3 (zat)  3-3
14:30 SDS 4  – Oeverzwaluwen 4  0-4
14:30 SDS A1 – LSC 1890 A1  0-7
10:15 SDS B1 – Frisia B2  0-11
10:15 SDS C1 – Read Swart C1  4-3
19:15 RES E1 – SDS E1  
14:30 BCV 1 (zat) – SDS 1 (zat)  3-1
14:30 DWP 2 (zat) – SDS 2 (zat)  2-0

Bij de wedstriden

BCV 1 – SDS 1    3-1
BCV pakt hjoed de earst periodetitel nei in oantreklike wedstryd yn Burgum. BCV wie oer de hiele wedstryd sjoen better, mar der leinen seker kansen foar SDS.
SDS krige nei sa ’n 5 minuten in grutte kans fia Skelte. Dizze gie krekt oer. BCV krige hjirnei de grutste kansen en SDS wie net ûngelokkich dat it mei de rêst mar mei 1-0 efter stie.
Yn de twadde helte waard it al gau 2-0 en de wedstryd like spile. Troch in penalty fan Feite de Haan kaam SDS dochs efkes werom yn de wedstryd. Sy gienen efteryn 1 op 1 fuotbaljen en setten dus alles op alles. SDS waard hjirtroch seker gefaarlik, mar it levere mar ien echt grutte kans op foar Tsjalling dy ’t de bal each yn each mei de keeper op de hannen fan de keeper skeat. De útfallen fan BCV wienen noch gefaarliker en nei de 3-1 wie it dien mei SDS.

DWP 2 – SDS 2
It twadde ferliest yn De Wite Peal mei 2-0. SDS 2 slagge der mar net yn om te skoren en dan krije je fansels ien om ‘e earen.

SDS 3 – CSL 3
In puntsje, mear siet er net yn. In 1-3 efterstân waard goedmakke. Doelpunten fan Wichard D., Remco B. en Jeroen W.

SDS 4 – Oeverzwaluwen 4
SDS 4 krige seker yn de earste helte goeie kânsen, mar de kounters fan de tsjinstanner wiene doeltreffender. Bij it skoft wie it al 0-3. Stoffel Bouma fluite en hij hie in makkie.

SDS A 1- LSC A1     0-7
LSC A1 wie in klasse better. Yn de earste helte wie it ferskil al ta útdrukking brocht. De inkele kâns dy’t der wol kaam, waard net benut.

SDS B1 – Frisia B2
De B1 hat hjoed ferlern mei 0-11 (0-7). Mei it ûntbrekken fan trije dochs wol bepalende spilers in oanpaste opstelling.
Frisia B2 wie better en we hienen it der (wer) dreech mei. Wol 100% ynset en sa no en dan ek goed spul.
We leare dit seizoen wol goed ferdigenjen. Der ha de B1 en A-junioaren takom seizoen profyt fan.
Eltse kear skriuw ik in A4 fol mei opstelling en oantekens foar de wedstriid.
Dit kear allinnich de opstelling en de folgende tekeningen:

Witte we wat we wolle, geane we it fjild yn en we sjogge wol, kin it ús wat skele allegear?

As geane we der foar, wurkje we hurd, leverje we striid en komme we fan it fjild mei it gefoel dat we alles der oan dien ha!
It spruts de jonges wol oan en allegear ha se har 100% ynsetten. Dat wie de winst en goed spylje op nije posysjes ek!

 

Jonges, sneon 20 oktober 12.15 oere op it fjild wêze foar de foto fan SDS by de iepening fan it gebou!
Klaas Pompstra


SDS C1 – Read Swart C1  (beker) 4-3
SDS C1 bekert verder. In een meer spannende dan fraaie wedstrijd is C1 van SDS er  afgelopen zaterdag 13 oktober in geslaagd met 4-3 van Read Swart C1 te winnen.

Het eerste kwartier van de wedstrijd was duidelijk voor SDS, gaande weg ging de ploeg mee in het meer fysieke spel van de Kniepsters. Hierdoor ontstond nog een spannende wedstrijd, met het scoreverloop 1-0, 1-1, 2-1 en 2-2 eerste helft. In de tweede helft werd dit vervolgd door 3-2, 3-3 en uiteindelijk afgesloten met 4-3. Wel werden nog drie doelpunten van SDS wegens buitenspel afgekeurd. C1 heeft in deze wedstrijd aangetoond dat ze ook met meer werkvoetbal uit de voeten kan, de doelpunten kwamen echter door goed combinatievoetbal en druk tot stand.
Groet, Ab

SDS D1 – Workum D1 (oefenje)   2-6