Wepperkes -snein-

Utslaggen 13-10-2007
12 oktober 2007
Wepperkes -moandei-
15 oktober 2007

Berichtje van mallorca
Mooi dat c1 gewonnen heeft
afz martin rienstra

BCV 1 – SDS 1


Sneontemiddei op papier in kraker yn Burgum. At dat ek te sjen is oan de bylden kinne jim letter hjoed sjen, at Henk Bootsma syn foto’s pleatst hat op syn side.

Basisalve
SDS 1 miste juster tsjin BCV aardich wat minsken troch blessures. Wy hawwe de basisalve efkes fergelike mei de basis dy ’t yn de earste wedstryd tsjin Zeerobben fuotballe hat. Wy kamen der achter dat allinne Jaap, Anne, Tseard, Skelte en Tsjipke doe ek yn de basis starten. Mar goed dat trainer Marcel Frankena sa ’n grutte seleksje tot syn beskikking hat.

Útslagen?
Wy binne op ‘e nij hiel benijd wat SDS 2 juster dien hat. De útslach is noch net by ús bekend. En wat hat SDS E1 freedtejûn ek alwer dien tsjin RES E1? Mail it nei ús

Allegear op de foto
In skofke lyn is der in foto makke fan alle frijwilligers fan de Skoalleseize. Dit liket it bestjoer fan SDS ek wol wat. Dêrom in oprop oan alle SDS-ers om kommende sneon om 12.00 bij it sportpark te kommen yn tenue, Der sille ien foto makke wurde fan de hiele SDS famylje. Dus woene jim graach in kear op in foto mei ien fan SDS op de foto, dan kin no.

Mis (1)
Bij SDS 4 wiene juster wat te min spilers. Dat wie tongersdeitejûn al bekind. Omdat SDS 5 frij wie, wie der kar genôch. De kar foel op Ids en Bertus (neat mis mei) en Ype en Tjeerd (wol wat mis mei). Want wiene dizze twa spilers ferline wike net útfallen mei blessures. De twa sweagers seagen lykwols skoan harren kâns om fan de ferfkwaste befrijd te wurden (Tjeerd en Matty binne drok dwaande yn harren hús) en ferswijden de blessure. Bij Ype gie it al mis bij de resi nei it sportfjild en Tjeerd moast yn de warming up ek belies jaan. Sa wie it al wer krap mei spilers bij SDS4.

Mis (2)
It gie net hielendal goed mei SDS 4 yn de earste helte. Mei namme efteryn net. Gerlof Veldstra kaam yn de rêst Matty Dijkstra tsjin en sei: ” Wij misse jo man “
Matty gelyk:” Komt mij bekind foar, ik mis him sa faak!”

Klasse
Net allinne de boppesteande hearen fan SDS 5 wiene aktyf, mar ek twa oaren: Stoffel Bouma fluite syn twadde wedstryd yn 8 dagen (SDS 4) en Sipke Hiemstra fluite SDS A1- LSC A1.

Skippy
At je lang bij de bakker broadsjes bakke dan begjinne je op in broadsje te lykjen en binne je al hiel lang slachter dan begjinne de kontouren fan in baarch him te foarmen. Dat is no ien kear sa, dat hawwe wij net betocht. At je noch mar krekt yn Australie binne en je hawwe fan je sels in moaie draf dan begjinne je al wol gau op in kangeroe te lykjen. Wij seagen
dizze kangeroe en herkenden Dirk Yde.

Djipread
Wij hawwe it sels net sjoen, mar fan meardere kanten is ús meidield dat Jan Stenekes ien fan de kandidaten is foar de nije partij “djipread”. Sij kamen ta dizze meidieling neidat Jan in kaart fan dy kleur ha moatten hie yn de wedstryd fan SDS 3.