Útslagen SDS sneon 25 jannewaris

SDS wint fan Genemuiden
23 januari 2003
SDS 1 lit punten lizze yn Staphorst
28 januari 2003

CSL A1 – SDS A1(kompetysje) 0-5
Hjoed waard der ien wedstriid spile troch SDS wêr it echt om gie. SDS A1 spile foar de kompetysje yn Stiens tsjin CSL en wûnen mei 0-5. Dit wie in dúdlike revanche op de wedstriid die sy oan it begjin fan dit jier yn ‘e seal spilen om it Fries kampioenskip. CSL spile doe lúzig lyk troch in skiedsrjochterlike dwaling. No krige CSL gjin kâns en waarden fuorttikke troch SDS. In goeie opstekker foar de A-junioaren.

VVI 1 – SDS 1 (oefen) 3-2
It earste fan SDS oefene úteinlik út tsjin VVI yn Idskenhúzen. SDS like dit te winnen nei mei rêst mei 0-2 foar de stean. De twadde helte die SDS it allinne wat te rêstich oan en ferlear úteinlik noch mei 3-2.

Nijlân 2 – SDS 2 (oefen) 3-1
SDS 2 liet it al gau ôfwitte yn Nijlân. Nei twa minuten stienen sy al mei 1-0 efter nei in lyts foutsje efteryn. Dit is it 2e dit seizoen alris earder oerkommen en sy witte hjir dan ek goed mei om te gean. Frank Rypma koe dan ek al gau út in foarset fan Dennis Dykstra wer lykmeitsje. In gehavend 2e(inkelde minsken oan it wurk, inkelden mei it earste mei en ien op fâkansy) spile in aardiche wedstriid. Dochs koe de ploech it net hâlde. Sy ferlearen mei 3-1. Opmerklik wie it debút fan keeper Tsjerk Okkema yn ‘e senioaren. Tsjerk spilet oars yn ‘e B1. Mei syn 16 jier moast hy jo seize tsjin meispiler Sipke Hiemstra(46!) en waard hy coacht troch omke Durk.

Folgende wike moat it 2e oefenje út tsjin Âldegea. De A-junioaren oefenje út tsjin Drachtster Boys. Sa at it no stiet sil it 1e kommende sneon oefenje tsjin en yn Berltsum om 14.30 oere. Dit kin it fansels wol wer feroarje.