SDS wint fan Genemuiden

SDS A1 wint fan it 2e
17 januari 2003
Útslagen SDS sneon 25 jannewaris
25 januari 2003

SDS hat juster syn wedstriid tsjin Genemuiden mei 7-4 wûn. By rêst stienen wie it 3-0. It wie foar SDS eins in regelmatige oerwinning wêr sy eins de hiele wedstriid net yn gefaar west binne. Dochs hienen sy it foaral dreech mei immen sels. Sa no en dan wienen der aksjes en oanfallen om de fingers by ôf te slikjen. Dit waard ôfwiksele mei dom balferlies en ynspiraasjeloas fuotbal. Foar it publyk dit kear net in al te boeiende pot. Wol seagen sy in pear moaie goals. Foaral de lêste fan Harm Stremler wie om yn te lijsten. Jan Simon Jelsma keepte in tige bêste wedstriid en wie kânsleas by de goals fan Genemuiden.

 

Foar SDS wie it in moaie oerwinning. Foar de wedstriid hearden sy dat konkurrint RES ferlern hie fan ONS. Dit betekent dat SDS RES no foarby giet yn ‘e stân en ien puntsje foar immen komt. Allinne Lemsterlân stiet noch foar SDS. It ferhaal fan Lemsterlân liket my bekent.

 

Moandei moat SDS nei ZVVS yn Staphorst. Gjin maklike wedstriid oansjoen ZVVS op it fjirde plak stiet.

 

Doelpunten SDS:

Tsjipke Okkema 1

Jeroen Brouwer 1

Feite de Haan 1

Harm Stremler 2

Willem Wijnia 2

Robert Sybesma skoare hjoed net.