SDS 1 lit punten lizze yn Staphorst

Útslagen SDS sneon 25 jannewaris
25 januari 2003
SDS 2 seal ferliest yn spannende striid
30 januari 2003

It 1e futsalteam fân SDS spile moandeitejûn yn Staphorst(!?) tsjin ZVVS. ZVVS stie 4e op ‘e ranglist en it like dan ek net in maklike wedstriid te wurden. Thús hie SDS dan wol wûn, ZVVS wie ien fan de dreechste tsjinstânners west oant no ta.

Mei dit yn ‘e efterholle gie SDS nei Staphorst ta. Dêr Anne Stenekes noch hieltiten blesseare wie, Peter Sybesma op wintersport en Tsjipke Okkema net beskikber wie, gie SDS mei 6 man(Feite, Jan Simon, Robert, Harm, Jeroen en Willem) nei Staphorst ta. Sy hienen dus mar ien wiksel yn dizze drege wedstriid. ZVVS begie goed oan ‘e wedstriid. Binnen twa minuten makken sy al de 1-0. Noch gjin SDS’er hie de bal rekke, behalve Feite dy de bal yn eigen goal skeat. SDS kaam der net oan en joech ZVVS te folle romte. It waard dan ek al gau 2-0 en 3-0. In âfstraffing drige foar SDS. Nei de 3-0 begûnen sy eindliks wat better te fuotbaljen. Robert Sybesma makke út twa goeie aksjes de 3-1 en 3-2. SDS begie der wer yn te leauwen. De rêststân wie 3-2.

SDS begie de twadde helte aardich. ZVVS bleaun allinne skerper en gefaarliker foar de goal. Dochs koe Harm Stremler de 3-3 meitsje. No waard it foar SDS derop of derûnder. Sy probearen oan te fallen, mar ZVVS kaam der hieltiten gefaarlik út. De mannen waarden wurdich en koenen mar weinich kânsen ôfdwinge al krigen sy noch wol kâns tsjin 4 ZVVS’ers doe der ien twa minuten útstjoerd waard. Dit holp net mear. Sy mochten noch bliid wêze dat Jan Simon Jelsma noch in puntsje foar SDS redde koe mei inkelde goeie reddingen.

Doelpunten SDS:
Robert Sybesma 2
Harm Stremler 1