Wepperkes -sneon-

Dirk-Yde werom út Barcelona!
25 maart 2006
Útslagen 25 maart 2006
25 maart 2006

Út de beker
De futsallers fan SDS 2 binne juster nei penaltys útskeakele foar de beker. Yn Winschoten waard it earst 3-3. Yn de kommende Treffer kinne jim in prachtich ferslach lêze fan dizze wedstryd fan Sjoerd van Beem.

Genemuiden 3
Yn de kompetysje fan SDS 2(fjild) hat Genemuiden 3 op ‘e nij 3 punten yn mindering krigen. Sy hawwe no al 6 punten minder. Sy dogge dus noch wol “gewoan” mei oan de kompetysje.

Bekenden?
SDS 1 spilet fanmiddei thús tsjin ASV Dronten. By de Drontenaren falt ien namme op. Pjotr Rachmatov hat yn in fier ferline noch by SC Heerenveen fuotballe en inkelde jierren by ONS Sneek.

Kansloos?
Is SDS fanmiddei kansloos tsjin ASV Dronten? Neffens dizze man al(klik hjir). It is yn elts gefal saak om spits Joany Ascherl yn de gaten te hâlden. Hy makke dizze kompetysje al 18 goals.

Hout
Der binne wer hiel wat beammen omseage op it sportpark de Skoalleseize. En dat allegear omdat er plak komme moat foar in opslachplak. It hout wat er leit is beskikber foar leden fan SDS en dy fan de keatsferiening. Yn oerlis mei Feike of Abe kin it der wei helle wurde.

Net ferjitte!
Jim kinne jim hjoed opjaan by Gatske Hiemstra(til: 0515-332012) foar de bus nei BCV fan folgende wike. It kostet €5,- de man/frou. Graach safolle mooglik direkt betelje.

Letter mear!