Útslagen 12 maaie

Seleksjes SDS 2,5 en A1.
11 mei 2007
Wepperkes -sneon-
11 mei 2007

Utslaggen, nijtsjes, doelpuntenmakkers, prachtige aksjes , bysûndere reddingen en koarte ferslaggen stelle wij tige op priis.
Maile kin nei
dizze adressen
Hjir it programma foar hjoed:

    útslach
14:30 SDS 2 – Lycurgus 2  2-1
14:30 SDS 6 – VVI 4  
10:30 SDS B2 – IJVC B2  
9:00 SDS D1 – JV Bolsward D1  3-3
9:00 SDS D3 – Workum D3  4-3
9:00 SDS E2 – JV Bolsward E2  4-3
10:00 SDS E4 – Sneek E3  2-3
11:00 SDS F3 – JV Bolsward F3  3-6
11:00 SDS F4 – Makkum F4  
10:00 SDS F5 – HJSC F2  4-0
14:00 Waterpoort Boys 3 – SDS 5  2-2
10:15 Veenwouden SC C1 – SDS C1  
12:00 Zeerobben D5 – SDS D2  
10:15 Heerenveen E2 – SDS E1  
9:00 Oosterlittens E2 – SDS E3  
9:30 Sneek F1 – SDS F1  
10:00 Woudsend F1 – SDS F2  

SDS 2 – Lycurgus 2
SDS 2 moast hjoed sjen om in goed rissultaat del te setten foar de weromwedstryd folgende wike yn Grins. SDS-spionnen hienen fan ‘e wike Lycurgus yn Minnertsgea fuotbaljen sjoen en seagen in net al te beste Grinser ploech. Dit moast SDS maklik hawwe kinne. De wedstryd yn Easterein liet wat oars sjen.
Lycurgus kaam yn de earste helte sels op foarsprong. It tige stridige SDS liet dit net oer syn kant gean en kaam troch Jan Simon Jelsma op 1-1. SDS 1 hie de wyn mei en Lycurgus kaam der oan it ein fan de earste helte mar dreech wer út. It wie Wichard Deinum dy ’t krekt foar de rêst foar de 2-1 soargje koe. Op de punt fan de 16-meter line krulde hy de bal op ‘e wyn yn de krúsing.
De twadde helte wie yn earste ynstansje foar Lycurgus, mar echte kânsen levere dit net op. Wie SDS wat súniger op de kansen west dan hie it sels noch wol 3- of 4-1 wurde kinnen. It bleaun by 2-1 sadat de wedstryd yn Grins folgende wike noch tige dreech wurde sil.

SDS A1 útskeakele
SDS A1 wie juster net al te gelokkich yn de neikompetysje yn Balk. Yn de earste wedstryd kamen sy al gau mei 1-0 efter tsjin De Swaeach. Fol op de oanfal wie it ienige wat SDS noch dwaan koe. De bal woe der net yn en dan krije je meast ien om de earen. Dat wie ek sa en it waard dus 2-0.
De 2e wedstryd wie tsjin JV Bolsward en moast wûn wurde. Yn de kompetysje waard twa kear fan JV Bolsward wûn dus dat moast te dwaan wêze. Yn in neikompetysje telt soks allinnich net. SDS op syk nei de oerwinning en De Sweach fûn him; 3-0.
Folgende kear better!

WPB 3 – SDS 5
SDS gie mei de boat nei Snits, gie de boat net yn op it fjild, Stoffel rêde in skiep en alle spilers leveren it bewiis dat se gjin fegetarier mear binne. De útslach wie 2-2 en Tjeerd en Ids skoarden.
Letter hjoed in fotoferslach

SDS F3-JVB F3  3 -6
 
Na een inspannende voetbalweek (woensdag jl. tegen de memmem, daarna vrijdag de “slot-avond”) bleek dat ùs jonkjes, over veel veerkracht beschikken.
Werd het in de heenwedstrijd nog 10-0, nu bleef de teller van JVB op 6 stil staan, terwijl onze voorhoede drie keer het net vond.
Jammer genoeg is de competitie bijna klaar, want de voetbalbeleving begint net weer terug te komen, na een dip van enkele weken.
Echt strijd, mooie combi’s en voor de wind: “opruimen die bal!” Met een beetje geluk, (Lees: geen eigen doelpunt tegen en drie bijna niet te missen kansen toch gemist…) had het minimaal gelijk kunnen worden. Volgende week sluiten we af.
Tjerk en Jetze

Letter mear!