Wepperkes -sneon-

Útslagen 12 maaie
11 mei 2007
Wepperkes -snein-
13 mei 2007

Trainingspak
Jitte Altenburg fan F5 mist syn trainingspak. Swart mei wite strepen, maat 140 sa ûngefear. It is sneontemoarn fuort rekke.
Wa kin helpe. Nim kontakt op mei de famylje Altenburg yn Hidaard . Tel 0515 -569967

SDS 2
It is hjoed foar SDS 2 der yn of der út. Sij moatte in goeie prestaasje delsette tsjin Lycurgus 2, om foar te kommen dat se yn in kansleaze posysje komme. SDS 2 hat alle stipe nedich fan de supporters fan SDS om net te degradearen. Kom sneon dus nei de Skoalleseize.

SDS A1
Foar SDS A1 kin de dei al net mear stikken. Om 17.30 begjint foar harren de neikompetysje. Der sit dus noch promoasje yn en wat is der moaier dan dêr om te fuotbaljen? Ek SDS A1 kin wol wat supporters brûke. Kom dus allegear nei Balk!!

Jeugdslotdei
Foar de jeugd wie der freedtemiddei in slotdei. D, E en F pupillen koene meidwaan oan in protte prachtige spullen. Hichtepunt dêryn is altiten de penalty bokaal.
Mei tige strakke strafskoppen waard Wiebe Heeres de grutte winner. Wij hawwe sels wat sfearfoto’s makke dy kinne jim 
hjir sjen. Mar it is hast wol wis dat wij der snein noch mear krije.

Trije boaten
SDS 5 is hjoed mei de boat nei Snits. De sulverfloat rukt om goed 11 oere út fanút Easterein. Sij hoopje foar twa oere oan te kommen bij sportpark Schuttersveld.

Jim Treffer
De nije Treffer is krekt út of wij begjinne al wer oan de folgende. Hoewol, krekt as ferline jier freegje wij jim om de lêste Treffer fan it jier fol te skriuwen. Wij wolle yn de lêste Treffer graach fan alle alvetallen in stikje hawwe. Wij hawwe al in protte lieders benadere en ferwachtsje foar 24 maaie in stikje fan alle alvetallen.

Prachtige hândoeken
Justermiddei wie der flink flecht op de kooi bij de ferkeap fan dy prachtige jubileumhandoek fan SDS. Foar 7.50 euro binne se te keap.

Kantine
It is seker de muoite wurdich om efkes op it sportpark te sjen hoe fier it al is mei it nije gebou.
Yn fergeliking mei wat er stie, wurdt it mânsk grut.

Wat in goal!!!
Feiko Broersma tipte ús oer in prachtige goal út de Sweedske kompetysje. Hy skreaun dêrby dat hy fanmiddei ek probearje sil sa ’n goal te meitsjen. Wy sykje noch frijwilligers dy ’t nei de tiid helpe wolle om Feiko syn fuotten wer út de knoop te heljen?(klik hjir).