Ut- en ferslaggen 4-10

Weppers freed 3-10
2 oktober 2014
Weppers snein 5-10
5 oktober 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!


20 kompetysjewedstriden hjoed. Wij rekkenje op ‘e nij op 30 punten en in doelsaldo fan 80 – 67


Tiid Wedstryd Útslach
09:00 SDS D1 – Leeuwarder Zwaluwen D3  2-1
09:00 SDS E2 – Zeerobben E2  3-3
09:00 SDS E3 – SWZ Boso Sneek E5  1-5
10:10 SDS E4 – QVC E2G  9-1
10:10 SDS F1 – Sparta’59 F1  5-1
10:30 SDS D3 – Oosterlittens D2  7-3
11:10 Minileague – Minileague  
12:00 SDS A1 – SJO Dronrijp/Foarut A1  3-4
12:05 SDS B2 – Oudega/HJSC/Heeg B2  2-1
14:30 SDS 1 – Nijland 1  0-2
14:30 SDS 4 – Zeerobben 4  1-3
08:45 Zeerobben F5 – SDS F2  1-2
09:00 ONS Boso Sneek C3 – SDS C1  2-5
09:00 Scharnegoutum’70 E4 – SDS E5  0-7
10:00 Minnertsga MD1 – SDS MD1  1-7
10:15 RES E2 – SDS E1  1-6
10:30 SJO Dronrijp/Foarut D3 – SDS D2  3-0
11:00 LSC 1890 B2 – SDS B1  2-0
13:00 FVC C3 – SDS C2  6-1
14:30 Leeuwarder Zwaluwen 10 – SDS 5  4-0
14.30 Scharnegoutum 1 – SDS 2(oefen)  5-3
14:30 Makkum VR1 – SDS VR1  
17:15 Parsekonferinsje nei SDS 1-Nijland 1  

SDS 1 – Nijland 1
De wedstriid lit him wol karakteriseare as de wedstriid mei in bytsje kânsen.  Nijland  kaam al hiel gau op foarsprong en dêrnei miste SDS de krêft om it Nijland dreech te meitsjen. Der ûntstiene hast gjin kânsen foar SDS mar ek net foar Nijland. SDS mocht oan healwei de helt fan de tsjinstanner noch wol wat opbouwe mar krige foar it doel amper mooglikheden, of it moast al in frije traap wêze.
Nijland socht it wat mear yn de lange bal op harren gefaarlike en snelle spits mar ek dat lever hast gjin kânsen op.
Skiedsrjochter Blom hold de toutsjes strak yn de hannen en brocht mei syn lûde stim it publyk gelyk op de hichte hoe’t hij tocht oer in falpartij of oer in oertreding.
Nijland brocht sûnder al te folle muoite de 0-1 nei de rêst ta.
Nei it skoft krige SDS iets mear kânskes, mei de klam op “kes” mar hong de 0-2 op in bepaald momint yn de loft.
De 0-2 foel yn de 73 ste minût en oan it spul fan SDS wie net te sjen dat der noch in oerwinning ynsiet. Nijland spile konsentrearre en joech neat wei. De skiedsrjochter hie yn de twadde helte wol wat giele kaarten nedich om syn gesach merke te litten.
Nijland as ploech wat fierder as SDS en trainer Douwe Posthuma sjocht it ferfolch dan ek mei optimisme temjitte: “Wij binne fierder as ferline jier” wiene syn wurden tidens it parse praatsje. Trainer Frans Munsterman fan SDS koe net oars as erkenne dat it der hjoed net ynsiet want de ploech is noch yn ûntwikkeling om de spylstyl sa’t hij dat sjocht, fierder eigen te meitsjen.  Nijland in terjochte winner yn it gelokkich fierders sportive wedstriid mei respekt foar elkoar.
(ah)

Scharnegoutum 1 – SDS 2 5-3(oefen)
Sawol it Scharnegoutum 1 fan Marco Hoekstra en Anne Stenekes as SDS 2 wie hjoed frij, dus in moaie gelegenheid om efkes te oefenjen.
SDS 2 begie fel en koe binnen 2 minuten op 1-0 komme, mar dat slagge krekt net. Dûbel sa spitich dat de bal der in minút letter op de oare kant wol yn lei…….. Scharnegoutum spile hjirnei miskien wat better, mar ek SDS krige kansen. Nei de 2-0, makke Tsjeard de Vries der út in fleanende oanfal 2-1 fan en stie SDS goed te fuotbaljen. Nei de rêst rissulteare dit lyk yn de 2-2(Pieter) en de 3-2(Allert) foar SDS en like der sels in winstpartij yn te sitten, mar de 4-2 woe net falle. De lêste 20 minuten wienen úteinlik foar Scharnegoutum wat noch efkes 3 goals makke en sa de wedstryd mei 5-3 wûn. It kratsje bier bleaun dus yn Skearnegoutum………. 

SDS 4 – Zeerobben 4   1-3
Wat wij der fan heard hawwe: in jonge tsjinstanner dy’t terjochte wûn. Mar it hie ek wol oars rinne kind. Zeerobben makke in eigen doelpunt en Gert Jan Hiemstra miste in strafskop. Húskeamer fraach is fansels : miste hij wol earder in kear in strafskop?
Skiedsrjochter de Boer joech ek no wer oan beide partijen in strafskop. Dy fan de seunen waard wol benut.

Leeuwarder Zwaluwen 10 – SDS 5      4-0
In teloarstellend resultaat, sa heare wij fan de mannen fan SDS 5.

SDS A1 – Dronrijp-Foarút A1    3-4

Voor de wedstrijd tegen Dronrijp kreeg ik van de boys van A1 de “fruitmand” aangeboden. Grote klasse, en nogmaals bedankt mannen, zeer gewaardeerd.
Met slechts 11 man moesten we aan deze wedstrijd beginnen, helaas is Pieter s geblesseerd, Teun geblesseerd, Jelle Jan nog niet speelgerechtigd (nu wel) en Bote door familieomstandigheden niet aanwezig.
De B’s moesten om 11.oo starten in Sneek, en daar zouden dan 2 man nadien naar ons komen, waarvoor uiteraard weer onze grote dank, grote klasse dat dit zo opgelost wordt elke keer.
Met een 1-4-3-1-2 opstelling gestart, ook door omstandigheden, en dat pakte de eerste helft wonderwel goed uit, er werd zo nu en dan goed gevoetbald, hier en daar wat “onwennig” door de opstelling, maar er werden kansen gecreëerd en dat resulteerde in de 28e min tot een goal, Almar stuurde Lourens door het midden weg, die werd door de verdediger iets naar buiten gedreven, maar gaf perfect voor op de meegesnelde Pieter de V, die de 1-0 intikte.
Iets tegen de verhouding in, maar toch….
In de 31e min een bijna identieke situatie, Martijn stuurt perfect Lourens weg, die wordt dezelfde kant “op gevoetbald” door de verdediger, zet weer voor op de meegekomen Pieter de V, maar een andere verdediger knalt de bal snoeihard via de keeper zijn gezicht, in eigen goal. 2-0.
In de 40 min”krijgt” Dronrijp een vrije trap, Stephan pakt hem goed, maar bij de rebound gaat hij er helaas toch in. 2-1.
In de rust er op geattendeerd scherp te beginnen in de 2e helft, iets waar we nog wel eens moeite mee hebben op de een of andere manier.
Maar toch gebeurd het, niet scherp starten, en binnen de minuut staat het dan 2-2.
De 2 B’s Inne en Matthijs erin voor Remon (last) en Douwe (leeggespeeld) en weer 4-3-3, resulteerde in de 26e min tot een prachtige goal, Wiebe geeft een prachtige pass op Matthijs, die keurig en beheerst de 3-2 binnen schiet.
Binnen 2 min valt dan ook de 3-3 weer, dat is dan op dat moment zo vreselijk zuur en een beetje onnodig, maar ja, niemand doet het expres natuurlijk….
Daarna gebeurd er van alles, voor de neutrale toeschouwer vast heel leuk, voor de SDS fans niet leuk, en voor de Dronrijp spelers en staf perfect, feit is dat bij ons het geloof er niet meer was, ondanks de perfecte inzet van mijn boys, en Dronrijp profiteerde in slotseconde, 3-4.
Een niet verdiende nederlaag, een gelijkspel had meer dan verdient geweest, en zelfs een overwinning had er nog in gezeten, maar helaas….
Mannen, het geloof is er, de inzet is meer dan goed, het voetbal moet/kan iets beter, maar dat komt eraan, dus de eerste overwinning in deze klasse komt er gegarandeerd aan.
Wellicht al volgende week in de derby tegen LSC.
Boudewijn.

LSC B2- SDS B1 2-0
Vandaag stond LSC B2 op het programma. Een gelijkwaardige ploeg, waar de broodnodige punten behaald moesten worden.
De wedstrijd begon matig van onze kant. Het baltempo lag te laag waardoor de tegenstander makkelijk kon schuiven. Na een onnodige fout achterin brak de spits van LSC door waarna hij veel ruimte kreeg. Dit resulteerde in een 1-0 achterstand. Desondanks begonnen wij beter te voetballen en kregen we de wedstrijd in eigen handen. Het baltempo lag hoger en het spel werd goed verdeeld. Enkele kansen werden gecreëerd maar niet benut. De kleedkamer werd opgezocht met een 1-0 achterstand. Na de bespreking kwamen we weer met frisse moed het veld op. Maar zoals wel vaker kwamen wij niet al te sterk de boks uit. De beleving was er wel. Maar vaak op de verkeerde manier. Ondanks dat we niet veel weggaven viel de 2-0 door een snelle omschakeling van LSC. De resterende minuten werd alles of niets gespeeld maar dit mocht niet baten. 
Tijdens de wedstrijd viel onze vlagger Jurjen uit nadat hij uitgleed en zijn knie verdraaide. Wij wensen hem een goed herstel. 
Inne Heerma

Struggle for life: Efkes Balje
Wat een passie, wat een strijd. In het Fries was het ronduit Grammitich. 24 goals in een uur, gescoord door 9 man. Bovendien nog drie in de extra tijd. Uiteindelijk won oranje, maar dat ging niet zomaar, er moest hard voor geknokt worden. Even leek het alsof Ferry en Wouter elkaar te lijf zouden gaan, maar het bleek slechts het vuur van het spel. Dit alles op een veld waar we af en toe iemand even kwijt waren, die zat dan in een keurig geperforeerd afvoerkanaaltje in de zandgrond. Een leger mollen uit Itens keek hier bewonderend naar. U vraagt nog naar de mooiste goal? Ja, makkie: Theo met een drievoudige achterwaarts geschroefde draaibal, waarbij de bal in dit geval niet de bal was.  Iedereen was uiteindelijk weer blij dat hij naar huis kon, maar wat waren we goed met zijn allen! Alleen oranje dus net iets beter, maar dat is logisch, met vier man, toch?

Tjerk

Scharnegoutum E4 – SDS E5 (0-7)
Fannemoarn betiid stiene wy klear op it fochtige lange gers fan Skearnegoutum. 16 enthousiaste spilers tusken 2 krakkemikkige goaltsjes op in bytsje ferlitten fjild setten fol goede moed op njoggen oere útein. Wy setten nei de ôftraap gelyk goed de earste aksje yn en resultearde hast yn in goal. Dernei kaam Skearnegoutum oan de bal en wie de earste fiif minuten de ploech mei de measte kânsen. Toch wisten wy as earste mei in bytsje gelok te skoaren. Dit joech gelyk moed. Dit wie te sjen want d’r waard moai spiele en al gau foel ek de 2-0.
Yn tsjinstelling mei foarige wike stiene wie goed te plak en hoechden dertroch allinich mar nei elkoar troch te passen om foar hun goal te kommen. It spiele frij makkelik. Ek omdat d’r by Skearnegoutum weinig beleving wie. Net by de spilers, net by de coach en net by it thúspublyk. En ja, de ienige spiler fan Skearnegoutum dy’t technisch en fysyk nog wat yn te bringen hie waard fanôf it begjin troch de skiedsrjochter maant om it wat rêstiger oan te dwaan. Jammer, mar dat wie hun probleem. Beleving wie d’r by ús wol en dat sloech ek oer op it út Easterein meikommen publyk.
Mei 3-0 giene wie de rêst ien. Nei de rêst sieten wy d’r gelyk wer boppeop. De opstelling wie op in enkele dwaling hjir en dêr nei folle better as foarige wike en ús spitsen diene wat sy dwaan moasten: SKOARRE. It waard 4-0 en it waard 5-0 en elts begong syn kâns te sjen om te skoaren. Dêrtroch kaamen d’r toch wer fan dy rally’s dy’t úteinlik op neat útrinne. It waard úteinlik 7-0 en elts wie terecht bliid mei dizze oerwinning dy’t ús op in fiifde plak hâlde koe. Folgjende wike tsjin de nûmer trije. As de beleving d’r dan ek is sa as hjoed en wy gelyk fanôf it begjin fel fuotbalje kinne, dan sit in oerwinning d’r wol yn. Mar allinnich mei dizze yngredienten…. Oh ja, en mei in meilibjend thúspublyk…. Dus! Folgjende wike wer de beuk d’r yn!
Herman
 

SDS F1 – Sparta’59 F1  5 – 1 
F1 moast oantrede tsjin Sparta’59 F1 dat mei 31 skoarde goals noch sûnder ferlies boppe oan stie yn de kompetysje. De jongens wiene der goed tsjin opwûksen, al wie it wakker spannend yn de earste helte. It spul gong op en del. Troch razensnelle aksjes fan Niels en Raymond Terpstra koe F1 oer de flanken goed troch komme. It slagge Jesper Pauw om in kear út in oanfal te skoarren. De ferdediging mei Bartele Bouma, Timen de Boer en Jesse de Vries hâlde tegearre mei keeper Yke Gaastra de nul êfteryn en foaryn wie Stern Kok in pear kear gefaarlik. Yn de twadde helte, mei Yke yn de spits en Stern op goal, rûn F1 oer Sparta hinne. Troch goals fan Niels, Timen en Yke (2) kaam de stân op 5 – 0. Sparta wie der hielendal ôf, mar wisten der dochs noch in tsjingoal yn te wrotten. It koe de oerwinning net mear yn gefaar bringe. Die siet troch goeie striidlust en kundich fuotbal by F1 yn de bûse.