Weppers snein 5-10

Ut- en ferslaggen 4-10
4 oktober 2014
Weppers moandei 6-10
5 oktober 2014

Foto’s
Henk Bootsma hat juster wer wat krease plaatsjes sjitten. Hjir kinne jim se allegear fine.

Pupillen fan de wike

Pieter Wijnia en Jelte Spoelstra wiene juster de pupillen fan de wike en sij woene beide mei doelman Jaap Toering op de foto.

Weakje

Opfallend taferiel yn de keuken justermiddei. In tobke mei dêryn in sjurt dat lei te weakjen. Wat wie it gefal: yn in poging om de bal út de feart te heljen rekke pupil Jelte te wetter en it wie net yn kreakhelder wetter. It sjurt út en gelyk yn hyt wetter beslisten de froulju.
Fandêr dat pupil Jelte op de boppeste foto syn swart hesje ek oan hat…..

31 punten
Der stiene juster 20 wedstriden op it programma. Wij hoopten wer op 30 punten en dat is slagge. Mei 5 thús en 5 útoerwinningen en in gelykspul waarden der 31 punten bijelkoar fuotballe. Ek it doelsaldo is posityf. 64 doelpunten foar en 49 doelpunten tsjin.


Bekerje
Kommende sneon is der noch in kompetysjeprogramma, mar wyks derop is der in bekerprogramma. SDS 1 mei dan thús oantrede tsjin De Wâlde 1. Foar de rest steane der noch in pear aardige krakers op it programma:
-VV Nijland – ONS Sneek
-Waterpoort Boys – Urk
-SC Joure – SC Genemuiden
-VV Scharnegoutum 1 – IJVC 1

Opjaan Meinte-Sixma-toernoai
Woansdeitemiddei 15 oktober is der wer it jierlijkse Meinte-Sixmatoernoai foar de SDS-jeugd. Jim kinne hjir it formulier fine om je op te jaan.

Alderaardichst


Harsens derby(1348)
It is no dúdlik wêrom as dizze man ea keeper wurden is. Ynderdaad! Hy kin net fuotbalje……..