Ut-en ferslaggen 21-9

Seleksjes 21-9
19 september 2013
Weppers snein 22-9
21 september 2013

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff-sds mei fansels ek.

Tiid Wedstriden Útslach
8:45 SDS D2 – Mulier D1  1-3
9:00 SDS E1 – Waterpoort Boys E2  0-15
9:00 SDS F2 – Nijland F1  3-0
10:00 SDS D4 – Franeker SC D5  0-10
10:00 SDS MC2 – Zeerobben MC1  1-3
10:10 SDS E4 – Oosterlittens E4  7-0
11:15 SDS C2 – Franeker SC C4  1-9
11:20 SDS B1 – Marrum B1  2-4
12:40 SDS MC1 – Annaparochie St. MC1  5-0
12:55 SDS 5 – Balk 4  10-2
14:30 SDS 1 – Minnertsga 1  3-2
15:00 SDS A2 – Friesland A1  
     
9:00 Scharnegoutum’70 E1 – SDS E2  
9:00 RES F1 – SDS F1  7-0
9:30 SWZ D5 – SDS D3  7-3
9:30 Woudsend E3 – SDS E3  13-0
10:00 Heerenveen F11 – SDS F3  1-2
11:00 ST IJVC-Blauwhuis C1 – SDS C1  3-1
11:00 Mulier VR1 – SDS VR1  4-1
12:15 Franeker SC D3 – SDS D1  1-7
12:30 Makkum 2 – SDS 2  4-2
14:00 Stormvogels’64 1 – SDS 3  2-6
14:30 Irnsum A1 – SDS A1  g.n.t
     

SDS 1 – Minnertsga 1      3-2
Mear spannend dan fraai. It kwartsje hie de oare kant ek op falle kind. Dat binne de kreten dy’t fan tapassing binne op dizze wedstriid.

It slagget SDS (noch) net om in wedstriid te dominearjen. Ek no wie it wer in matich begjin. Resultaat wie dat Minnertsga op 0-1 kaam.
Nei in goed healoere wie it lykwols al wer 1-1 troch Grietzen Boersma. Fan feestfreugde wie bij de doelpuntenmakker út Littens gjin sprake. Hij krige bij it meitsjen fan it doelpunt in flinke tik op de ankel en koe net fierder. Jelmer Posthumus waard syn ferfanger en dy soarge der foar dat it nei it skoft 2-1 waard troch in goeie aksje fan Dirk Yde. Minnertsga besocht mei lange ballen de gelykmakker te meitsjen mar krige earst in kounter om de earen. Tsjipke Klaas Okkema kaam frij foar de keeper en skoarder behearst. Gelyks dêrnei waard it noch wol 3-2 mar it lêste kertier wist SDS mei grutte muoite oerein te bliuwen. Dirk de Jong wie der ynkommen foar Wytze Lanting en Sjoerd de Vries ferfong de leechstriden Jelmer Posthumus.

Doelpuntenmakkers: Grietzen Broersma, Jelmer Posthumus, Tsjipke Klaas Okkema.


Makkum 2 – SDS 2     4-2
Doelpunten fan Anne Stenekes en Feite de Haan

Stormvogels 1 – SDS 3 2-6
SDS 3 wint 2-6 fan Stormvogels 1. 2x Henk P., 1x Pieter K.,1x Andries L.,1x Broer, 1x Sikke.

 

SDS 5- Balk 3    9-2
Doelman Gert Jan Hiemstra is noch altiten blesseare. Dat betsjut dat ien fan de fjildspilers op it doel moat. Harm Auke stie dus yn it doel. Hij begong net sa sterk hawwe wij fernommen. Mar syn manskippen yn it fjild makken de 0-1 gau wer fan kant.
Doelpunten fan: Robert, Peter, Jappie, Jappie, Peter, Jappie, Peter, Jappie, Robert, Jappie, Jappie, Christiaan.

 

Mulier Vr1 – SDS Vr1   4-1
No soene je sizze das dudlyk in ferlerne wedstriid.
Dat mei sa lykje mei de kille sifers mar de wurkelykheid wie oars.
Freedtejun wie der lichtelyk paniek;
9 fitte spilers en 4 mei ferskate klachten.
Gelokkig brocht MC1 utkomst mei it utlienen van Dagmar Tjalsma.
Mei nog mar steeds 10 fitte froulje toch begjinne oan in wedstriid tsjin een ex 4de klasser.
We kamen sels nog op foarsprong troch een goal fan sieta Tessemaker mar moasten toch mei 1-1 de rest yn.
Nei de rest koene we it net mear halde mar dat hie niks my ynset te meitsjen.
Ik haw in team sjoen wat fochten hat foar wat it wurch wie compleet my triennen falle en opstean.
Dames ik haw djip respect foar jimme ynset hjoed ondanks alle blessures.
Wat my betreft bin jimme de morele winnaar fan dizze wedstriid !!
Dagmar nog bedankt foar dyn ynset en dames bedankt foar jim trochsetten

Ynfallieder Feike Jorritsma
Flagger Simon Kingma


SDS D2    Mulier D1 1-3

De twadde kompetysje wedstriid wie hjoed, alwer thus, tsjin Mulier ut Wytmarsum. It earste diel fan de 1e helte gie lykop. Mulier hat in fysiek sterke ploeg mei meast twadde jiers D’s. Wielst wy fuotbaljend beslist net minder wiene, hie we it dochs dreech. Troch wat foutsjes fan us kant, krige Mulier in oantal kansen. Geandewei de 1e helte waard it spul fan us jongens slapper. Gjin oansluting fan efterut en duels waarden ferlern. Hjirtroch kaam Mulier yn e 15e minut op foarsprong. Fiif minuten letter wie it samar 0 – 2. Yn ‘e 29e minut wie it Luka die, nei in assist fan Arjen, de oanslutingstreffer makke. De twadde helte wie de ynset better. Der kamen kansen, mar de echte skerpte wie der bei de measte jongens net. Mei utsundering fan Jeffey, hy keepte geweldich, en Tjerk die in sterke wedstriid spile. Yn it lest wie it alles of neat. Jammer genoch waard it neat, want Mulier makke in pear minuten foar tiid de 1 – 3.

Nye wike spylje we om 12.45u yn Snits tsjin SWZ.

Theo.

 

VV-SDS B1 – VV Marrum B1
Vandaag stond de tweede wedstrijd van het seizoen op het programma. Een op papier nog onbekende tegenstander. Het eerste kwartier begonnen we sterk en creëerden wij ook een aantal kansen. Daarna konden we het allemaal niet meer belopen maar bleven we, dankzij goed keepers werk van Gert-Jan, nog lang op gelijke hoogte. Maar uit eindelijk kwam het doelpunt alsnog……Ruststand 0-1.
De tweede helft kregen we al snel  de 0-2 tegen en leek het niet meer spannend te worden. Maar daarna kregen wij kansen en scoorde Mathijs een prachtige goal onderkant  lat. We bleven goed voetballen maar helaas viel uit een counter de 1-3. We gaven de hoop echter niet op! Nadat Yward onderuit gehaald werd in het strafschopgebied kregen we een penalty, die uitstekend werd benut door Habtamu. 2-3!
In de slotfase scoorde Marrum nog één keer en het was gespeeld.
Eindstand 2-4.
Watze Jacob

SDS MC1 – St Anna  MC 1    5-0
In moaie oerwinning en prachtige doelpunten: Tjitske (3), ILse en Nienke

 

SDS MC2 – Zeerobben MC1 : 1-3

Doelpunt: Tessa Bangma


SDS E4 – Easterlittens E4
Gisterochtend was voor E4 de wedstrijd der wedstrijden, de streekderby tegen Easterlittens E4. Net als onze E4 had Easterlittens tijdens de eerste competitie wedstrijd gewonnen en maar liefst 7x gescoord.

Meteen na het fluitsignaal zette Easterlittens meteen flink druk op onze E4. De jongens van Easterlittens waren een kop groter en erg snel. Toch was het SDS E4 die na 5 minuten spelen de leiding nam in de wedstrijd. Een knappe voorzet en der in met die bal! Hierna werd Easterlittens zwakker en zwakker terwijl SDS E4 geweldig met elkaar combineerde en van daar uit het ene na het andere schot op het doel van de tegenstander loste.

Verdedigend waren Jens en Marrit een superteam. Terwijl Marrit de aanvallers van de tegenstander stoorde kon Jens keer op keer de bal afpakken en weer netjes via de zijkanten kwijt. Wederom een topwedstrijd!!

Eindstand 7-0 , klasse jongens en meisjes van E4!!!

GR. Hans


SDS F2 – Nijlân F1  3-0
Yn de earste thúswedstriid setten de jongens fan F2 alwer fûl útein. Nijlân F4 wurde stiif tsjin de eigen goal oandrukt. Mar dêr waard it sa drok dat de bal der hast net yn te krijen wie. Dochs slagge Jalko deryn in bal yn de goal fan Nijlân te prikken, 1-0 by de rêst. Allegear wat drinke en efkes bekomme en doe der wer tsjin oan. Al gau in goal fan Timen en op it lêst noch ien fan Jochem. F2 spyle wer mei fleanende kiep, earst Jochem, doe Jalko, dy’t tegearre mei Stef en Jesse de pear útbraken fan Nijlân maklik ôfbrutsen. 
Lukas

Heerenveen F11 – SDS F3  (1-2)

Mei it stadion fan Heerenveen op de eftergrûn gie om 10 oere fannemoarn it fluitsignaal.

Wy binne wer los. Gelyk der bovenop en wy binne lekker faak oan ‘e bal. It sjocht d’r allegear goed út.

Toch krije wy nei in kwartier spieljen in goal om ‘e earren. Neat oan te dwaan. Hy wie fertsjinne en de wedstriid is nog lang net dien.

De koppen wer omheech en wy binne wer los. Troch fysiek sterker te wezen binne wy faak oan ‘e bal. Krekt efkes dat ekstra setsje of die fuort d’r tusken. Dan sieket nei in keurige weromspielbal ús keeper de romte op en jout in moaie pass troch de midden. Sa healwei it middenfjild wurd de bal keurig oannommen en mei gang richting doel. En ja hjear. 1-1. Mei dizze stân geane wy de rust yn. De twadde helte waard allinich nog mar better. Fysiek wiene wy seker sterker en wiene wy dertroch in protte oan ‘e bal. Nei ongeveer in kwartier spieljen makken wy dan ek fertsjinne ús winnende goal.

Al mei al in wedstriid mei net in hiele protte mar wol goed benutte kânsen. Mar foaral in wedstriid mei goed fuotbal, goed oerspieljen en moaie passes.

Folgjende wike mar wer derfoar! 

Herman