Weppers snein 22-9

Ut-en ferslaggen 21-9
21 september 2013
Weppers moandei 23-9
22 september 2013

SDS MC2 op de foto

Dat is alwer moai…. de fjirde 11 tal foto binnen en it is noch lang gjin desimber. No SDS MC 2 op it eigen fertroude sportpark mei fêste ynfalkeepster Alize en trainster Akke-Rixt.

Utslaggen en ferslaggen
Al aardich wat útslaggen en ferslaggen fan juster. Sjogge jim noch útslaggen dy’t misse en se binne wol bij jim bekend dan heare wij dat graach

Skop
Dat je oan de de line bij it sjen nei de wedstriid SDS 1 – Minnertsga 1 ek in skop oprinne kin erfaarde ien fan de wepmasters. In bal koe nei in korner fan Minnertsga net goed fuortwurke wurde troch SDS en supporter O.A te M siet sa yn de wedstriid dat hij de mannen wol helpe woe en in flinke traap joech om oan te jaan dat it sa moast. Mar in gelok dat hij net yn it fjild stie want dan wie it in strafskop west want hij rekke syn buorman fol op de foet.

Klaaikeamer
Wa’t wolris yn Achlum balle hat wit hoe moai dy klaaikeamers der dêr útsjogge. Seker fan bûten. It is nammentlik in gewoan hús wêrfan je oan de bûtenkant net sjen kinne dat it in klaaikeamer is.
Sa koe it Hendrik Engbrenghof dus oerkomme dat je ûnder de brûs steane en dat der folluk ropt wurdt en dat der twa froulju steane mei in kollektebus……

De klaaiboksen yn Achlum.

Fansels!
Somtiden witte je fantefoaren al dat je sneons winnen gean. Je sjogge yn it programma tsjin wa ’t je moatte, je sjogge efkes op de ranglist en ien en ien is twa. Stef Jellema fan F2 sjocht it oars. “Mam, wij gaan vandaag makkelijk winnen, want wij moeten vandaag tegen Nijland en dat ligt vlakbij Bolsward en daar hebben wij vorige week dik van gewonnen………….”
Fansels waard it 3-0 foar SDS F2!

Alderaardichst


Harsens derby(1117)
Trije kear is skeepsrjocht? Dat tocht ik net……..