Ut- en ferslaggen 11-10

Weppers freed 10-10
9 oktober 2014
Weppers snein 12-10
12 oktober 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

      útslach
08:30 SDS E5 Makkum E3  5-3
08:30 SDS E1 Heeg E1  4-5
09:00 SDS D2 Akkrum D3G  6-3
09:35 SDS C2 AVC C2  2-7
10:15 SDS B1 SWZ Sneek B2  3-2
11:05 Minileague Minileague  
11:40 SDS C1 fc Harlingen C1  0-2
12:00 SDS VR1 SWZ Sneek VR2  4-3
13:00 SDS 5 Lions’66 5  2-5
14:30 SDS 2 Oeverzwaluwen 2  3-1
15:00 SDS VR2 Dronrijp VR1  0-5
08:45 Franeker SC D4 SDS D3  2-5
09:45 Sparta’59 E1 SDS E2  4-4
09:00 Zeerobben D2 SDS D1  1-3
09:00 Nijland E1 SDS E3  8-1
10:30 Balk E2 SDS E4  6-4
11:15 Nicator F1 SDS F1  
12:45 LSC 1890 A2 SDS A1  g.n.t
13:45 SWZ  Sneek B4 SDS B2  4-1
14:30 Workum 1 SDS 1  4-2

Workum 1 – SDS 1    4-2
SDS ferlear bij Workum mei 4-2 en sakket dertroch wat fuort op de ranglist. Beide ploechen hienen foar de wedstriid 8 punten út 5 wedstriiden helle.
Nei een lytse 10 minuten waard in kopgoal fan Erik ôfkard troch de skiedsrjochter wylst de grinsrjochter net flagge hie foar bútenspul. Yn it earste healoere wie Workum iets dreigender en meer oan de bal as SDS. Toch kaam SDS op 0-1 troch in prachtiche oanfal ‘út it boekje’. Erik stoomde op en joech in goeie pass oan Dirk-Yde en die betsjinne Hendrik de Jong mei in moaie foarset, Hendrik kopte hiel knap fia de latte binnen, 0-1. Workum kaam dernei wer opsetten en SDS liet harren foar de goal tefolle hun gong gean. De 1-1 flak foar de rêst wie dan ek wol fertsjinne.
Drekt nei de rêst waard ek net druk setten flak foar de SDS-goal en de spits koe dan ek de bal yn de hoeke sjitte fanôf de 16-meterline, 2-1. It earste kertier hie SDS net in goede fase en wie Warkum better en op jacht nei de tredde goal. Die kaam fia in snelle counter ta stân. Die begong lykwols mei in net bestrafte oertreding op Dirk-Yde, dernei waard de ferdediging en keeper Jaap op it glêde keunstgêrs út elkoar spile tot in opkommen middenfjilder de bal yn de lege goal sjitte koe, 3-1.
Mei nog een healoere op de klok moest SDS op jacht nei doelpunten en die hongen ek yn de loft. In skot fan Feiko en de corner dernei soarchen hast foar de oanslúting. In minuut letter waard ynfaller Dirk de Jong dellein yn de sechtsjin: penalty. Broer Hendrik miste lykwols en sa wie de stân nog altiid 3-1. Drekt nei de penalty yn de 70e minuut koe de faak mei opkommende Feiko de 3-2 binnen koppe.
It like derop dat SDS dernei op syk koe nei de lykmakker mei noch genoch tiid op de klok. Fuort nei de ôftrap wie SDS net by de les en de spits koe sa troch rinne en de bal yn de hoeke pleatse, 4-2. Die klap kaam SDS net meer te boppe wernei oan beide kanten net mear skoart waard. Einstân, 4-2.
 
Grietzen

SDS 2 – Oeverzwaluwen 2   3-1
Tjeerd de Vries skoarde 2 kear en Pieter Kamstra makke de befrijende.

SDS 5 – Lions 5    2-5
Doelpunten wiene der fan Gert Jan Hessels en Doede Sijszeling. De lêste skoarde gelyk neidat hij ynbrocht wie.

SDS VR 1 – SneekWZ Vr2   4-3
Doelpunten fan Tjitske (2), Ilse en in edeetje

SDS B1 – SWZ B2
Vandaag stond Sneek Wit/Zwart B2 op het programma.
We begonnen met een goeie teambespreking en een goeie peptalk van de trainers.
De eerste helft begonnen we redelijk omdat de bal nog niet heel goed rond ging. Maar we begonnen steeds beter te spelen, ons taak was om op de helft van Sneek Wit/Zwart druk te zetten op de bal en dat deden we, en met succes.
Door goed druk te zetten kon Habtamu de bal veroveren en voor geven waardoor Watze de bal in het doel schoot.
Kort na de 1-0 scoorden Sneek Wit/Zwart de 1-1 binnen, daarna hebben we nog wel kansen gecreëerd, maar zonder goals. Dus gingen we met 1-1 de rust in. We begonnen de tweede helft ook weer redelijk maar gingen al snel weer beter spelen. Door goed voetbal konden we al snel in de tweede helft de 2-1 intikken. Na de 2-1 voorsprong verzwakte we weer een beetje maar bleven toch wel goed voetballen en goed druk zetten, daardoor konden we de 3-1 maken. Daarna begonnen we weer een beetje slordiger te worden en kwamen niet alle ballen aan. Sneek Wit/Zwart begonnen kansen te creëren en scoorden de 3-2. Toen moesten we de voorsprong vasthouden, door goeie inzet van het hele team om goed druk te zetten kwam Sneek Wit/Zwart niet meer tot scoren en wonnen wij met 3-2. 
Groeten Yward

Zeerobben D2 – SDS D1
Nei foarige wike, doe we fuotballes krigen fan Ljouwert Sweltsjes, moast it visier hjoed wêr op skerp tsjin Zeerobben út Harns. It begjin fan de earste helte wie SDS indie hiel skerp. Zeerobben waard op eigen helte fêstsetten en it wachtsjen wie op de earste goal foar SDS. Dit duorre noch aardich lang, mar healwei de earste helte kamen we dan toch op foarsprong troch in goal fan Tjitse. It fuotbal wie doe al net mear sa goed as yn it begjin, mar we wiene wol better as de thúsploeg. By riten liet SDS mei moaie kombinaasjes sjen dat se goed fuotbalje kinne. Gjin goals mear de earste helte sadat we mei in 0 – 1 foarsprong nei de thee giene. De twadde helte wie ek foar SDS. Súnder hiel goed te spyljen, kaam Zeerobben der net oan te pas. Stan makke de 0 – 2, nei in prachtige, ”op gefoel” jûne foarset fan Merijn. Zeerobben skoarde fiif minuten letter mei wat gelok de oanslútingstreffer. SDS rekke net fan slach en ien op ien mei de keeper makke Stan behearst de besissende 1 – 3. De lêste minuten noch in pear bêste kânsen foar ús, mar it bleauwde by 1 – 3. Dochs mar wer moai trije punten derbei wermei we ús kopposysje ferstevigje. Nye wike is der gjin kompetysje. We moatte dan bekerje tsjin Skearnegoutum. De wike derop spylje we wer kompetysje tsjin Mulier út Witmarsum.
Theo.

SDS E5 – Makkum E3 (5-3)
Makkum stie op in tredde plak, 2 plakjes boppe ús. Nei hun resultaten en ús fuotbaljend fermogen fan de ôfrûne wiken sjoen siet d’r wol in kâns yn om te winnen. Mar dan moast de beuk d’r wol efkes yn. Dit hie ik sy foar de wedstriid ek goed ynpiepere. Ik hie tiidens de wedstriid gjin inkele klagen, want sy begongen as in spear en ha net oars dien as dat. Foar it yn grutte getale opkommen publyk c.q. âlders en pakkes en beppes wie d’r spanning en sensaasje genôch. Wy makken yn de earste pear minuten de 1-0. It antwurd fan Makkum wie al gau de 1-1. Kop d’r wer foar en dêr wie de 2-1 foar ús. It antwurd fan Makkum wie alwer frij gau de 2-2. Doe skoarde Makkum de 2-3 en flak foar de rêst ús antwurd, de 3-3. In prachtige earste helte foar it publyk, de spilers en de coaches. Efkes rêst… in pear oanmoedigjende wurden en it fjild wer op. De twadde helte gong wer gelyk op, mar hieltiid faker wiene de kânsen foar ús. Mar skoare woe net lukke. Makkum kaam ek wolris gefaarlik út, mar gelokkich hiene wie hjoed in fantastisch keepjende Jesse op de goal dy’t in foarsprong fan Makkum foarkomme koe troch prachtige rêdingen. Wy wrotten hieltiid wer nei hun goal mar de bal woe d’r net yn. Ek Makkum hie in sterke keeper en ek sy behoede har team foar in efsterstân. Sa’n stien minuten foar tiid waard in skot fan ús troch in spiler fan Makkum mei de hannen keard. Penalty soest sizze. De noch net sa ervaren skeids kaam op my nog net echt seker fan syn saak oer en ik betwiifele as d’r wol in penalty komme soe. Mar gelokkich (en terecht) kaam de bal op de stip. Foar ús de kâns om de beslissing te meitsjen. Elts woe em wol nimme, mar ik stjoerde Milan nei de bal om’t hy de meast seker penaltykiller op dit momint is en wy gjin inkel risiko nimme koene. Oanloop…  en ja hjer. Goal! 4-3 foar SDS. Makkum naam wer út en it spul gie wer gelyk op. Gelokkich wist in pear minuten foar tiid Ruben nog in kear te skoaren sadat de lêste minuten frij ontspannen spiele wurde koe. In prachtige 5-3 oerwinning bringt ús hjoed tink ik ergen yn de top trije. In tefreden coach? Jaseker, mear as dat! In puntsje fan kritiek? Ja, nog mear ús kânsen benutte. Foar leafhawwers fan in moaie wedstriid… Folgjende wike om njoggen oere yn Easterein in ienhelwedstriid fan SDS E5 tsjin LSC E10. Oan’t dan.
Herman

Efkes Balle
It die freed  bliken dat de fermelding fan de seleksje fan it Efkes Baljen op de webside wat docht mei in minske. Neat gjin anonym optreden op freedtejûn, nee mei namme neamd wurde as earste seleksje op de webside (noch foar it earste),  soarge der foar dat de opkomt mar leafst 15 man wie en dat it nivo heech wurde soe. De hesjes gyngen nei jong. Jong? Ja jong. It die bliken dat de jierdei fan Theo Postma tongersdei (43) der net foar dat hij him bij âld melde mocht. Dat moat in goed gefoel jaan, 43 en noch jong. Sa mochten de jong eagjende Johan, de meast omstriden Pieter fan dizze tiid, der Bomber fan Itens mei wat grizen (Chiel, Wouter, Aant) en wat kealen (Harrie en Tjerk) sûnder hesje oantrede tsjin de jonkjes Syb, Ferrie, Jildert, de nea omstriden Pieter, Bertus, Theo en Bram.
It waard in prachtige striid wêrbij mear te genietsjen foel as bij Oranje letter op de jûn. Ald begie fúleindich en stiet aardich foar, mar moast  yn it sleau heal kertierke de winst út hannen jaan, troch hiel ferfelende dûbeltellers fan Korbach en Procee. 
De klok sloech healwei 9 en doe gie it noch oan foar de lêste twa. Jong skoarde (in hiele gewoan doelpuntsje fan Pieter), âld skoarde (Johan syn moaiste ea) en doe gie it om de lêste. Dat duorre efkes want der wiene kânsen foar beide en yn it fúlst fan de striid en bij it ferwurkjen fan de teloarstelling haw ik yn alle gefallen gjin idee wa’t him makke. Hij wie jong.
(ah)