Weppers snein 12-10

Ut- en ferslaggen 11-10
11 oktober 2014
Meinte Sixma-toernoai
13 oktober 2014

SDS 1 oefent tiisdei tsjin Hardegarijp 1

Vertrek 18.30

Voetballen 20.00 

Jaap, Ewout, Jacob Klaas, Feiko, Elger, Bauke, Kristiaan, Wytze, Teun, Erik, Hendrik, Lourens, Dirk, Harm en Dirk-Yde.

Op fakansje!
Tsjeard de Vries wie juster de man by SDS 2 – Oersweltsjes 2. Hy rûn him de longen út it liif en makke ek noch 2 goals. Hy koe nei de wedstryd net lang neigenietsje yn de kantine, want hy moast al gau nei Skiphol foar in wolfertsjinne fakansje op Rhodos.

E2 yn aksje

E2 fuotballe juster yn Deinum tsjin Sparta E1 en se wiene aardich oan elkoar weage oan de útslach te sjen. Wa’t der net bij wie kin hjir noch wat foto’s besjen maild troch Karin Vermeeren.

Oefenje
SDS D2 en D3 sitte net mear yn de beker en kinne dus nije wike sneon moai efkes tsjin elkoar oefenje. Sy dogge dit sneon om 9.00.

E5 op de foto

Sinterklaasje
Út ûbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Sinterklaas ek dit jier wer by SDS 2 del sil. Dit sil barre op tongersdei 4 desimber yn de kantine. As de swarte pyten ek meikomme is ús net bekend.

Harsens derby(1353)
Feiko Broersma tipte ús dizze alderaardichste frije traap fan Ljouwerter Sweltsje Vic Roozendaal: