Ut- en ferslaggen 1-12

Seleksjes sneon 1-12
29 november 2012
Weppers snein 2-12
2 december 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.

Wedstriden -thús útslach
9:00 SDS D1 – Leeuw. Zwaluwen D1 g.n.t.
SDS E3 – Makkum E2
fersetten nei 15 desimber
g.n.t.
9:00 SDS E4 – Makkum E4 g.n.t.
9:00 SDS E5 – Oosterlittens E5 g.n.t.
10:10 SDS F1 – Joure SC F4 g.n.t.
10:10 SDS F5 – SDS F4 g.n.t.
10:15 SDS C1 – SJO JVBolsward C1 g.n.t.
11:15 SDS MC1 – Mulier MC1 g.n.t.
12:00 SDS B1 – Friesland B1 g.n.t.
12:45 SDS D3 – LSC 1890 D4 g.n.t.
14:00 SDS 4 – IJVC 3 g.n.t.
14:00 SDS VR2 – Read Swart VR2 g.n.t.
12.15 JV Bolsward F3 – SDS F2 2-5
8:45 Frisia D5 – SDS D2 1-3
9:00 SWZ E4 – SDS E2  1-1
9:00 Blauwhuis F2 – SDS F3  4-1
10:30 Franeker SC C3 – SDS C2 g.n.t.
12:00 Minnertsga 2 – SDS 2 g.n.t.
12:30 Heeg 2 – SDS 3 4-3
12:45 HJSC 3 – SDS 5 0-6
14:00 Oosterlittens A1 – SDS A1  g.n.t.
14:30 Blauw Wit ’34 1 – SDS 1 3-0

SDS 1 ferliest degradaasjeduel
Blauw-Wit’34 die wat SDS neiliet en dat wie it ôfmeitsjen fan de kânsen. Nei 90 minuten stie dertroch een 3-0 einstân op it skoreboerd.
It wie kâld op de tribune mei een soad supporters út Easterein. Dit kaam ek troch it spul fan beide ploechen, want der waarden je net waarmer fan.
Yn it earste healoere hie Blauw-Wit een oerwicht, mar de ljouwerters spilen sûnder fertrouwen. De ploech grossierde yn it skoppen fan ballen oer de sydline en it jaan ferkearde passes. Ek SDS koe de bal mar moeilijk yn de ploech hâlde. Dochs kaam SDS der sa no en dan snel út. Dit liedde ta twa 100% kânsen. De keeper fan Blauw-Wit spile Dirk-Yde Sjaarda samar yn de fuotten en sa koe Dirk-Yde opstome richting de goal. De keeper wie noch út posysje, mar Dirk-Yde skeat fan san 12 meter wyld oer. Trije minuten letter bruts Dirk de Jong troch en gong hij ek richting keeper. Ek hy hie de mooglikheid om de bal yn it hoekje te pleatsen, mar ek hy skeat oer de goal. Blauw-Wit koe dêr yn de earste helte gjin doelpoging tsjin oerstelle en sa wie it mei de rêst 0-0.

De twadde helte hie ek gjin heech niveau. SDS hie ferdedigjend de saakjes goed op oarder oant de 65e minút. Doe kaam de earste mooglikheid en trije minuten letter wie it dan wol rekke. Een breedtepass luts de ferdediging iepen wernei Tijtsma de 1-0 makke. Dit bleek it brekpunt fan de wedstriid te wêzen, want opiens gong it hurd. Een frije traap op eigen helte waard ferspiele en de 2-0 lei yn it net. Eefkes letter soarche min fuortwurkjen ek foar de simpele 3-0. De kopkes hongen doe al lang nei ûnderen en SDS koe neat mear útrichte. It net benutte fan riante kânsen bruts SDS dus raar op yn de twadde helte. Hjirtroch mist SDS de oanslúting en rekket it troch oare útslagen fjirder achterop.
Grietzen

Heech 2 – SDS 3 4-3
SDS 3 spile harren beste wedstryd fan it seizoen. Sels de Heech-supporters koenen net begripe dat net SDS dizze wedstryd wûn mar Heech. Twa kear kaam Heech yn de earste helte op de kant fan SDS en sy makken likefolle goals. Om ’t Ralph de 2-1 makke wie dat ek de rêststân en wie der neat oan de hân. Doe ’t Willem der 2-2 fan makke like SDS oer Heech hinne fleanen, mar 2 útfallen leveren op ‘e nij 2 goals op foar Heech. In benutte penalty fan Willem levere noch wol de 4-3 op, mar gjin punten.

HJSC 3 – SDS 5
Neffens ús What’sapp ynformant HAD hat SDS 5 de wedstriid op alle fronten wûn. HJSC stie mei boppeoan mar is fuortspile. Doelpuntenmakers Peter (2), Ype, Wichard, Robert S en Jan Friso.

HJSC 3 – SDS 5

Vandaag de wedstrijd tegen HJSC,
Die doen, net als ons, bovenin mee.
Zonder de geblesseerde backs Mano en Hans,
Kregen nu Lieuwe-Jan en Ronny een kans.
Met Robert op de plek van Tsjeard,
Want die had zich vandaag tot een heilige bekeerd.
Een vier-mans middenveld,
Zorgde voor veel aanvalsgeweld.
Met als verdedigende middenvelder Christiaan,
Konden Ype, Wichard en Harm de hele wedstrijd diepgaan.
Robert en Peter maakten het elftal compleet,
Omdat die kunnen scoren én kunnen gaan voor een balletje breed.
En dan hadden we nog met Ruurd en Jan-Friso een sterke en jonge bank,
Jongens hiervoor onze dank.
En met een betrouwbare grens als Bertus,
Bleek het vanmiddag een eenvoudige klus.
Een topper die niet echt een topper werd, zo bleek,
Het was al snel dat HJSC tegen een achterstand aankeek.
Na tien minuten een aanval uit het boekje,
Ronny bediende Robert en die stifte de bal schitterend in het hoekje.
Vijf minuten later was het Peter die de bal strak voorschoot,
Deze werd knap binnengeschoten door Ype met zijn rechterpoot.
De nul drie kwam op naam van Wichard,
En weer op aangeven van Peter, schoot hij goed in, droog en hard.
Na twee assist was het nu de beurt aan Peter om te scoren,
Op aangeven van broer Robert wist Peter het laatste sprankje hoop van HJSC de grond in te boren.
Na rust, met Ruurd voor Christiaan en Jan-Friso voor Ronny in de ploeg,
Was het HJSC dat in het begin van de tweede helft op een doelpunt joeg.
Die kwam er na een kwartier ook,
Maar de speler stond buitenspel, toen voor hij voor Gert-Jan opdook.
Hierna was het weer de beurt aan SDS,
En waren we weer goed bij de les.
Na een vrije trap van Peter, die in de muur smoorde,
Was het de alerte Jan-Friso die scoorde.
Peter luisterde een goede wedstrijd nog op met zijn tweede doelpunt,
Die hem door broer Robert werd gegund.
Met zes doelpunten voor en nul tegen,
Zijn we naar de derde plek gestegen.
Weer drie punten in het ‘taske,’
Volgende week spelen we thuis de topper tegen oudehaske.

Groeten van Gert-Jan.

LAC Frisia D5 – SDS D2  1 – 3
Wederom bij nacht en ontij stond D2 vanmorgen aan de aftrap op een zompig veld in Leeuwarden. De slaapluisjes nog in de ogen. Een allervriendelijkst ontvangst met koffie en een bleek zonnetje zorgde voor een glimlach op de gezichten.  Om exact 8.45 uur startte de wedstrijd en oh, wat begon D2 weer slap. Al snel 1-0 achter de oren. Hierna begon de diesel te lopen. Met veel druk werd de gelijkmaker geforceerd. Hierna Sjoerd erop en erover. In de pauze werden de leiders verwend door Miss Frisia met een bakje thee, klasse LAC! Hendrik liet ons weer genieten met een fantastrische kopbal uit een corner, subliem! Kortom drie punten in the pocket en nog één wedstrijd te gaan!
Tjerk

Blauhûs F2 – SDS F3

Dit is foar F3 de wedstriid fan it jier. Blauhús alles noch wûn en SDS 1 kear gelyk. It doelsaldo fan SDS is better mear goals foar en minder tsjin.
De mannen wiene klear foar de striid, hjir en der wol wat ferkâlden en krekt wer better, mar it moreel is best! It fjild fan Blauhús wie wyt en beferzen mar bespylber. De earste helte wie it direct Blauhús wat goed druk sette op SDS en kamen der in pear kear gefaarlik troch, mar ús ferdedigers, Joop, Jens en Sjirk stiene goed te plak. Dochs kamen we der net echt út en de druk op de goal waard heger. Nei in úttraap fan ús keeper Jort stiene de mannen fan Blauhús wer op skerp en ús defensje net en de 1-0 stie op it boerd nei 10 minuten. De mannen fan SDS wiene der wat ôf, want dat binne we net went, in goal tsjin en efterstean. It duorre dan ek net lang of de 2-0 stie op it scoreboerd. Dit koe fansels net langer. SDS skerpje jim op, it is in kampioenswedstriid! Dit signaal waard dúdlik opfongen en we waarden feller yn’e duels en it middenfjild fan Pieter, Rico en Tjiadmer koe de bal ek better foaryn hâlde bij ús spitsen Durk en Haye. Nei in yngoai oer de middenline krige Sjirk de bal fan Durk en tikke dizze troch nei Haye dy’t him knap frijspyle en sa allinnich op’e goal ta koe en hij twifele net, 2-1. SDS krige yn’e ein fan de 1e helte de oerhân en kaam tichter bij de goal fan Blauhús. It kaam allinich net mear oan skoaren ta, 2-1 rêststân, alles noch mogelik.
De twadde helte dochs in keeperswissel foar ús, spits Haye-Hatrick-Hylkema hie pine-búk mar koe noch wol op’e goal. En dat die der hiel best, hij hat der wol 4 goals úthâlden. Dit wie dochs wol wat in aderlating, want foaryn wiene we dertroch wat minder sterk. Jort krige in plak op it middenfjild en Sjirk moast de oanslúting nei Durk bringe. Dit gie hjir en der best wol aardich mar Blauhús stie der yn totaal wat better op. Derneist hiene we noch mear pech want ús fertrouwde slot op’e doar, Jens, foel yn’e 2 helte út. Fan him ha we oars dochs per wedstriid ek 6 rushes nei foaren en dizzen misten we no wol. Blauhús makke der noch 2 bij, 4-1 wie de einstân. De mannen ha striiden foar wat se wurdich wiene mar tsjin dit Blauhús wie dat te min. Blauhús is de terjochte hjerstkampioen! Nije wike noch ien kear tsjin Balk, dan moat we noch mar ris sjen litte dat we fuotbalje kinne!
Folkert&Rein

Efkes net balje
Jammer dat der fannejún gjin Efkes balje wie. Tocht efen dat ik in wepperke
mist hie, mar nee. Dochs noch ien sjoen mar die draafde oer it haadfjild mei
in ljochtje. Wa at dat wie? Gjin idee!

Groetnis,
Anco

SDS E4 sil fan 9.00 oan ’t 10.00 yn de seal bolje.