Ut- en ferslagen sneon 7-5

SDS-League: Wykpriis falt yn "Q-baard"!
6 mei 2016
A1 kampioen
7 mei 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

08:45 SDS C2 Dronrijp/Foarut C3 1-3
09:00 SDS F3 ONSBosoSneek F3
10:00 SDS F4 Makkum F2 3-9
10:15 Mini Mini
10:20 SDS C1 Terschelling C1G  2-1
14:30 SDS 2 SC Berlikum 2 3-2
09:00 Mulier E2 SDS E4 6-0
10:15 SC Bolsward F7 SDS F2 1-7
10:30 S.C. Stiens A1 SDS A1 *  2-4 !!
13:00 NOK VR1 SDS VR1 útsteld nei 18/5
14:30 Oeverzwaluwen1 SDS 1 0-1

*SDS A1 is kampioen troch in 4-2 winst út by sc Stiens A1!!
Wij witte hast wol seker dat er in moai ferslach komt, hoewol wij it mei eigen eagen seagen yn Stiens. Wat in klasse wedstriid fan SDS A1. Dy’t fertsjinne wûn waard mei 2-4. Fjoerwurk foarôf en in skitterjend spandoek, in soad minsken út Stiens en fan SDS…..

SDS C1 – Terschelling C1    2 – 1
Ien fan de jongens fan C1 koe sneon net utsliepe. Dit wie Mark, want hy moast al om 8.45 oere in potsje keepe mei de C2. Hy stie poerbest te keepen, mar koe net foarkomme dat SDS C2 mei 3 – 1 ferlear fan Dronryp C3. Nei dizze wedstriid ek noch in wichtige wedstriid foar us tsjin Terschelling C1. We kinne us gjin ferliespunten mear permiteare, dus de opdracht wie makkelik :  WINNE !!! It haadfjild lei der geweldich by, prachtig moai waar, twa teams en twa grinsrjochters. Mar dan mist der noch ien persoan en dat is de skiedrjochter. De betreffende man wie net te berikken, dus dan ha je wol in utdaging. Gelokkich run Dennis Vinke op it sportcomplex en hy wie wol ree om us wedstriid te fluitsjen.  We giene goed fan start en yn minuut 5 wie it al 1 – 0 troch in goal fan Kent. Dernei in better SDS, mar sa as wol faker ferjitte we om troch te drukken. Betiiden liket it wol Braziliaans fuotbal, want de jongens bliuwe kombinearen tot oan de line fan de goal. Opdracht foar de twadde helte wie dan ek mear sjitte fanof de 16 meter. En dat docht Steven, en alwer in de 5e minut. Syn prachtige skot fan in meter of 20 sylt oer de keeper fan Terschelling hinne. En mei 2 – 0 op it skoareboerd sit it oan de kant ek wer krekt wat nofliker. Ek de 2e helte genoch kansen, mar wer wurde de kansen net fersulvere. Oan de oare kant bliuwt de goed fuotbaljende spits fan Terschelling gefaarlik. Mar efterien stiet it by us best wol goed. Fiif minuten foar tiid krije we unnedich wol noch in goal tsjin. Mar de oerwinning kaam einliks gjin momint mear in gefaar. Nye wike us leste wedstriid ut tsjin HHO. Dizze noch winne en dan is it foar us ofwachtsjen oant 21 mei. Dan wurdt de staakte wedstriid Makkum C1 – Leovardia C2 noch utspiele of oerspiele. In bysundere aksje fan de KNVB om ta dit beslut te kommen, wittende wat der allegeare bard is. Mar it is net oars en we ha it hjir mar mei te dwaan. By winst fan us nye wike woe ik foarstelle om de 21e mei syn allen of te reizigjen nei Makkum om harren oan te moedigjen in hun wedstriid tsjin Leovardia. By winst fan Makkum of in lykspul meie wy it takom jier yn de 1e klasse probeare. Hjoed wie it net altiid like goed, mar dus wol wer trije punten. Twa wiene hjoed foar my “man of the match”. De iene is Hendrik vd Eems. Oeral op it fjild ynsetbaar en oeral goed spyljend. De oare is de skiedsrjochter, Dennis Vinke.  In skiedsrjochter is pas echt goed at hy net opfalt. Dizze man mei us wol faker fluitsje !!!   Ek tank oan Hans vd Schaar, hy wie ek samar op it leste momint ree om de hiele wedstriid te flagjen. No noch 1 kear oplade foar nye wike en dernei leit us lot in hannen fan Makkum.
Theo


Efkes Balje
Suver al wat ferkleure troch de brannende sinne fan in moaie tongersdei en freed kamen de leafhawwers wer efkes lâns om Efkes te Baljen.
Sa as Klaas van der Weg. Skynber de ienige SDS 3 spiler dy’t it spultsje yn in frije wykein net misse kin. Sa as Menno de Vries, dy’t syn keunsten alinne yn Wommels sjen litte wol.
Sa as Remco Bervoets, dy’t syn A1 benodigdheden, dy’t er moarn nedich hat om kampioen te wurden, noch wol efkes in goeie generale jaan woe,
sa as Remco en Wouter Hylkema dy’t altyd, mar dan ek altyd wol in baltsje skoppe en in oereke drave wolle,
sa as Johan Heerma, dy’t gewoan sin hie,
sa as Folkert Rients, dy’t nei in oantal drokke ôfwêzige wiken fol fjoer siet,
sa as Ferrie Korbach, dy’t hiel graach ballen tsjin gebouwen oan skoppe wol, wêr’t Keats, Partoer of Boppeslach op stiet,
sa as Jesse de Vries, dy’t ONS op syn sjurt stean hat mar SDS yn syn hert hat,
sa as Pieter de Boer, dy’t net lang yn Wommels wenje woe, mar der ferskuorrend graach fuotbalje mei,
sa as Theo Postma dy’t syn revalidaasjeprogramma ôfwurke nei in slach mei de swipe (op it fjild) bekroande mei wer in healoerke meidwaan en
sa as dizze stikjeskriuwer dy’t dêrom no mei nocht fertelt dat de earste partij wûn waard troch de iene ploech en dat healwei njoggen finale troch oare toppers wûn waard. En sûnder doelen waard er net iens spul makke oer in bal oer of neist. Miskien wie it dêr wol te waarm foar.
Aant