SDS-League: Wykpriis falt yn "Q-baard"!

Weppers tongersdei 5-5
5 mei 2016
Ut- en ferslagen sneon 7-5
6 mei 2016

Wy hawwe wer in nije koprinner!
It is no Gert-Jan Hessels dy ’t mei “Geniet van het bier, Eeltje Postma” it earste plak wer oernimt fan “De Coolsingel nog in zicht” fan Dirk Stegenga. Sy hawwe op twa spilers nei itselde team, mar dit kear is Gert-Jan yn it foardiel.


It is hast net te leauwen mar Anne Brouwer (“JelmaFem”) en Dooitze Nauta (“As ik der by bin dan winne SDS 1 en 2 altiten”) skowe op ‘e nij in plakje op en stean 2 en 3 yn de SDS-League mei noch ien wike te gean. Sy steane no 3 punten fan de koprinner. Ferline wike wie dat noch 10. Mar goed dat de SDS-League noch mar ien wike duorret, want sy kinne noch mar ien plakje omheech……

“Dooitze? Noch ien plakje omheech…….”

Dirk de Jong hie him al hast ryk rekkene mei de wykpriis, mar wurdt as “Supersub(s)” krekt twadde efter “Q-baard-United” fan Skelte Anema. Ferline wike hie Skelte krekt ien puntsje minder as de wykpriiswinner.


Soks meie sy yn Kûbaard wol lije!

De striid om de reade lantearn liket beslikke. Feiko Broersma rint dizze wike mar leafst 12 punten út op “FC Winnaars” fan Tom Wijnia, dus dat kin eins net mear mis.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.