Weppers tongersdei 3-8-2017

Weppers moandei 31-7
31 juli 2017
SDS 1- FC Dordrecht 1
4 augustus 2017

Jacob Klaas


Wij wolle Jacob Klaas fan herte lokwinskje mei syn prachtige twadde plak. Wij begripe dat syn teloarstelling oer dy lêste bal grut is en wij hearden him ek sizzen dat it twadde plak net telt. Mar it is foar syn partoer in geweldige prestaasje om sa fier te kommen. Boppedat soargen se foar in soad spanning op dizze PC troch mar leafst twa kear op 5-5 en 6-6 in partij te winnen en helaas ien kear te ferliezen.

Earsten

Der wiene 7 SDS-ers dy’t gongen foar de titel PC kenner. (sjocht weppers moandei). Jelte Pieter (5), Bauke (0) en Jacob Klaas (23) keatsten dus 28 earsten bijelkoar.
Dat betsjut dat der net in echte kenner bij sit (dat kin hast ek net oars mei dizze ferrassende PC) mar dat Hendrik Eringa fan Spannum mei respekt oansjoen wurde kin dit jier want hij hie alle fertrouwen yn dizze trije SDS-ers en hie 24 earsten op it briefke stean

Moai pet(ten)

Afbeeldingsresultaat voor metallica pet
Wij soene it ûnder de pet hâlde, mar dogge dat mar net. It is fansels moai pet at je yn Petten sitte en Jacob Klaas Haitsma goait er net mei de pet mei mar driget yn Frjentjer de PC te winnen. Petsje ôf foar Jacob Klaas en foar Willem in nûmmerke as treast

FC Dordrecht

Kommende sneon treedt SDS (fansels mei dyselde Jacob Klaas yn de gelederen) oan tsjin Jupiler League klup FC Dordrecht. Wij hoopje dat jim allegear komme te sjen om 17.00 oere. Jûn komme de Dordtenaren ek al yn aksje yn Fryslân.