Trefferredaksjeleden akteare

SDS EK-League: Sjoerd Feenstra wer stiif ûnderoan
17 juni 2004
SDS EK-League: Jeroen Brouwer rukt fierder op
18 juni 2004

It is feest yn Wommels. In prima optocht mei 15 weinen. Ek ús redaksjeleden Willem en Sjoerd spilen net swak by.

Willem, as Sjaak op stap mei de famylje Flodder

Net yn de griene ein, mar wol mei in diplomatentas.

En dan Sjoerd, mei sinnebril yn de haadrol yn de film Grease. Ek Bas de Haan en Rinse Joustra fan SDS 4 hawwe in rol krigen. In byrol wol te ferstean. Hoewol Rinse?!

Foar Wichard Deinum wie der ek in rol. Sjoen syn rinfermogen mocht hy net op de wein fan plan Walpert mar mocht hy it hiele doarp troch toffelje. As in fotograaf by in troufeest fan Mabel Wisse Smit. It sil ús benije at syn foto’s ek sa goed binne.

De optocht is sneontemoarn wer.