Weppers woansdei 13-9-2017

Weppers tiisdei 12-9-2017
12 september 2017
Weppers tongersdei
14 september 2017

SDS MO15-1

Tiisdeitejûn spile foar de beker en ferlern fan Zeerobben MO15-1 mei 0-5

SDS MO 13-1 giet net troch

De famkes fan SDS MO 13-1 meie jûn ek bekerje. ONS Sneek MO13-1 is de tsjinstanner. It is foar SDS in thúswedstriid en it begjint om 18.30 oere

SDS VR 1

De twadde bekerwedstriid fan SDS VR1 stiet hjoed op it programma. De Sweltsjes út Ljouwert binne de tsjinstanners. Wedstriid is om 20.00 oere yn Easterein.

SDS 1 seal

Mochten jim leaver oerdekt fuotbal sjen wolle dan is in loopke nei de sporthal ek in opsje. SDS 1 ûntfangt om 20 oere ZVF 1 út Frjentsjer.

SDS 4

Ek SDS sil jûn los yn de bekerstriid. Sij trede op yn Boalsert mei dde folgjende spilers: Steffen, Broer, Doede S, Ids, Jorrit, Remon, Tjeard, Ruun, Jelte H, Johan, Sytse, Allert, WiFi, Igor, Andries, Jelmer, Gertjan, Siebren Beert en Thomas. En miskien binne Eeltje en Martijn der ek noch wol.
Om 19.35 kinne jim se útwuive yn Easterein en om 20.15 giet it los tsjin sc Bolsward 4

Lieders/trainers

Jûn om 19.30 komme de lieders/trainers fan de jeugdteams fan SDS ek bijelkoar om efkes wat puntsjes op de i te setten foardat de kompetysje begjint.