Tjalke Pander ferstoarn

SDS-League: ‘Tadic on Fire’ pakt de kopposysje!
10 mei 2022
Samir Tawafra folgend seizoen trainer SDS 2
11 mei 2022

In wike as wat lyn sit ik efkes  bij Alie Pander yn de tún.

Hoe giet it mei dij en hoe giet it mei Tjalke?

Wij hawwe it oer dizze lestige perioade wêr’t Alie yn Wommels wennet en Tjalke yn Boalsert.

Alie har each falt op in klompke dat op it terras stiet.

It SDS klompke dat je krije as skiedend bestjoerslid.

“Dat kin ik wol efkes op nij opmeitsje mei blomkes, nim ik dat mei nei Boalsert , dat sil Tjalke fêst moai fine”.

Ik wit net at it klompke yn Boalsert stiet mar dat Tjalke dat moai fûn hat, dêr bin ik wol wis fan.

Tjalke en SDS dat wie net samar wat.

As jeugdtrainer, as belangstellende âlder, as bestjoerslid, as foarsitter fan de jeugdkommisje, Tsjalke Pander wie tige belutsen bij SDS.

At wij de argyfen fan de foarige iuw trochbledderje, komme wij syn namme wit hoe faak tsjin yn ien fan dy funksjes.

Hy is dan ek net foar neat útroppen ta lid fan fertsjinste.

Boppedat wie wij de skeakel tusken KMA ( in wichtige sponser) en SDS. Hij wist altyd wol wat te regeljen.

Tjalke Pander wie ek fuotballer fan SDS, meast yn de legere alvetallen.

Op de back hie hij syn fêste plakje.

As tsjinstanner hiene je in minne middei.

Him in kear foarbijkomme dat slagge soms noch wol, mar de kâns dat je mei de bal ek fuortkamen wie lyts.

Tjalke Pander hie in feninige tekkel dy’t hij ynsette at immen him foarbij wie.

Tjalke Pander hie ek altyd wol praat foar, tidens en nei de wedstriid.

Ik sjoch mei nocht werom op de tiid dat wij ploechgenoaten wiene.

Twa kear kampioen mei SDS 5 yn 1987 en 1988.

Nei syn aktive karriere wie Tsjalke Pander in trouwe taskôger bij SDS 1.

Altyd belangstellend nei it hoe en wat.

Tjalke Pander is sneon yn Boalsert ferstoarn, 83 jier jier âld.

Foar SDS hat hij fan grutte betsjutting west yn de ûntwikkeling fan de klup.

As earbetoan hawwe wij noch wat foto’s opsocht fan in altyd foar SDS aktive Tsjalke Pander

It ferstjerren fan Tsjalke Pander is In grut ferlies foar syn frou, syn soan, syn dochters en oare famylje.

Wij kondoleare harren mei dit ferlies en winskje harren alle sterkte ta foar de kommende tiid sûnder harren Tjalke.

(Aant)

1971 SDS 3 : Tjalke Pander hat twa kear skoard. Dat wie unyk

1979 : Pander as lieder trainer bij E2


Pander as foarsitter rikt de kampioensblommen út

 

Pander kampioen mei SDS 5 yn 1987-1988

Pander kampioen mei SDS 5 yn 1986-1987

Pander as taskôger bij SDS 1