SDS-League: ‘Tadic on Fire’ pakt de kopposysje!

Weppers tiisdei 10-5-2022
10 mei 2022
Tjalke Pander ferstoarn
11 mei 2022

It is ‘Tadic on Fire’ fan Seriette Strikwerda dy ’t de kopposysje oernimt fan ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber. Sy nimt 5 punten foarsprong mei noch ien wike te gean. Soe Seriette ‘Pak Schaal?’

It fuotbaljen wurdt dit seizoen neat mer mei Hendrik Engbrenghof, mar ‘Toastje Kip-Kerrie’ giet as in malle. Ynmiddels stiet hy al 6e en giet hy foar syn heechste klassering ea.

‘Moast dy bal foArjan’ fan Stefan van der Velde pakt de wykpriis en hat dúdlik in bettere foarm as foar de winterstop. Doe waard hy lêst.

Hendrik Eringa gie mei ‘Paranoid’ foar de poedelpriis, mar dit stiet no faai no ’t hy Annejan Hallema mei ‘FC Bal op het dak’ de reade lantearn oernaam hat en lyk in gatsje slein hat fan 8 punten.

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 12

De punten fan moarn en snein telle tegeare as ien wykpriis. Wy hoopje yn de rin fan nije wike mei de einstân te kommen.