Sponserrin ST SDS/Nijland by sc Heerenveen

SDS-League: ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!
10 maart 2020
Weppers tongersdei 12-3-2020
12 maart 2020

Wy binne los! De jeugdteams oant en mei de JO11 binne fan start gien mei de aksje foar de sponserrin!

De opbringst fan de aksje giet nei ST SDS/Nijland, mar de jeugdspilers meitsje sels ek kans op in moaie beleaning. Dielnimmers dy ’t ekstra harren bêst dogge meitsje kâns op de wedstriid fan dyn libben!

De sponserrin sels is op woansdeitemiddei 1 april om 16.00 oere. Dizze wurdt organiseard troch sc Heerenveen, Sportyf Partner fan ST SDS/Nijland en sil plakfine by it Abe Lenstra Stadion. Dat wolle je dochs net misse? Foar it safier is mei elkenien earst waarmrinne troch sponsers te sykjen!
As der genôch jeugdspilers binne dy ’t meidogge dan soarget SDS dat wy 1 april mei in bus nei it Hearrefean ta ride.

Oanmelde

Jeugdspilers kinne harren oanmelde fia de folgende link:

www.sponsorloop.nl/sdsnijland

Sponsers kinne harren oanmelde fia de aksjesiden fan ús jeugdspilers. Elkenien mei stiper wurde; pakes en beppes, omkes en tantes, buorlju ensfh. Betelje giet fia ynternet. Dat is wol sa handich, want dan hoefe de bêrn net mei jild oer de dyk.

Mear ynformaasje

Sneon krije alle spilers oant en mei de JO11 in flyer mei mear ynformaasje.

Mear witte? Klik hjir foar meast stelde fragen.