Weppers tongersdei 12-3-2020

Sponserrin ST SDS/Nijland by sc Heerenveen
12 maart 2020
Gjin trainingen en wedstriden…..
12 maart 2020

Sponserrin by sc Heerenveen

De jeugd fan ST. SDS/Nijland hat al mear as €1500,- ophelle foar de sponserrin op woansdei 1 april om it Abe-Lenstra-stadion fan sc Heerenveen. Dat liket der mar op! Der dogge no al sa ’n 30 jeugdspilers mei. Om in bus ride te litten op woansdei 1 april moat der eins noch wat jeugd meidwaan. Jeugdspilers oant en mei de JO11 dy ’t meidwaan wolle kinne harren hjir oanmelde lykas de stipers:
www.sponsorloop.nl/sdsnijland

Geert en Gatske 50 jier troud!

Juster wienen de SDS’ers yn ieren en sinnen, Geert en Gatske Hiemstra, mar leafst 50 jier troud! Wy hoopje dat sy in moai feessie hân hawwe! Yn elts gefal fan herte lokwinske!

SDS 1 – Tonego 1 giet sneon net troch………

Kantine ticht

It lân is noch te wiet, mar it Corona-firus komt te ticht yn de buert en dan kin de kantine op tongersdeitejûn net iepen. Ek net no’t Auke-Jetze Kroondijk efter de bar stiet.

SDS seal

De jonge fan de seal hawwe justerjûn nipt ferlies oprûn. Tsjin Irnsum waard it 1-2. Mei dit resultaat hâlde se it ien nei lêste plakje stevich yn hannen,

De âldste doelpuntenmakker fan SDS 1 ea!

Afbeeldingsresultaat voor SDS feite de haanYn maart 2017 fregen wy nei oanlieding fan dit ús ôf; Wa soe de âldste doelpuntenmakker fan SDS 1 ea wêze?
Wy kamen doe op in listje, mar no’t Hendrik de Jong ôfrûne sneon skoord hat moatte wy it listje wer oanpasse:
1. Feite de Haan, 39 jier, 7 moanne en 22 dagen (28-1-2017 goal tsjin Oudehaske).
2. Willem Wijnia, 38 jier, 8 moanne en 10 dagen (27-9-2014 goal tsjin Mulier).
3. Harm Stremler, 37 jier, 11 moanne en 20 dagen (15-9-2012 goal tsjin ONT).
4. Hendrik de Jong, 37 jier, 7 moanne en 24 dagen (7-3-2020 goal tsjin Makkum)
5. Wichard Deinum, 37 jier en 27 dagen (23-4-2005 goal tsjin Kootstertille).
6. Jappie Wijnia, 34 jier, 5 moanne en 10 dagen (14-9-2002 goal tsjin Workum).
Mochten jim oanfullingen hawwe dan heare wy it graach!
Mail nei info@vv-sds.nl!

SDS-Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy wer drok op syk nei SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in bekende Nederlanner, Doutzen Kroes, Louis van Gaal of in blomkoal lykjen mail it dan nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby (2217)

Ho!