Stân SDS EK-League 30 juny

Stân SDS EK-League 29 juny
29 juni 2021
EK weppers diel 2
30 juni 2021

Nei de winst fan Ingelân op Dútslân is Klaas-Bouke Faber wer útrûn op de konkurrinsje. Tom Wijnia stie 2e en soe by winst fan Dútslân lyk komme, mar dit rûn dus oars. No hawwe wy trije nije nûmers 2 yn de persoanen fan Dirk en Mika (de Jong), Jelmer Posthumus en Lolke Hofstra. Sy steane op 90 punten fan Klaas-Bouke. Klaas-Bouke soe dus rêstich efteroer leune kinnen wie it net dat syn broerke Lieuwe-Jan Yntema hjir mar 5 puntsjes ûnder stiet……. Yn 2014 en 2018 wûn Lieuwe-Jan de SDS WK-League………

Neist de Dútsers en Tom Wijnia krigen ek de nûmers 3 Robert Terpstra en Douwe Posthuma in flinke klap te ferwurkjen. Sy sakje nei in dield 10e plak.

11 dielnimmers foarseinen winst foar de Ingelsen tsjin de Dútsers, mar net ien hie de útslach goed. Marc Hoekstra hie 1-1 foarsein by de twadde wedstriid en pakt 10 punten.. Erik Haitsma gie foar 0-0 en pakt dochs mar efkes 5 punten mei.

Yn Wommels stie der ien te dûnsjen op tafel doe ’t Oekraïne juster oan it ein fan de ferlinging de winnnende goal makke; Sjoerd van Beem! Eindelijk is hy ferlost fan de reade lantearn en stijgt hy mar leafst 5 plakken en is hy Jaap Toering foarby!.
Ek ‘Er gaat niets boven Polen’ fan Hendrik Eringa is fan it lêste plak ôf en stiet sels 5 punten boppe Sjoerd trochdat hy foarsein hie dat Ingelân fan Dútslân winne soe.

Ate-Feike de Boer stiet no lêst en sil moarn wol op syn rouslippers oer de Terp rinne no ’t hy stiif lêst stiet. Hy stiet mar leafst 30 punten efter op de 3 mannen boppe him; Jaap Toering, Jelle Wiersma en Larson Hek.

Jûn kinne jim de EK-weppers ferwachtsje mei in foarútsjoch oer de rest fan it ferrin fan de SDS EK-League.

Stân âlde stân
1 1 Klaas-Bouke Faber Wommels 790
2 8 Dirk en Mika Easterein 700
3 9 Jelmer Posthumus Wommels 700
4 13 Lolke Hofstra Wommels 700
5 12 Lieuwe-Jan Yntema Swol 695
6 14 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 690
7 2 Tom Wijnia Wommels 690
8 16 Frans-Pyter Terpstra Wommels 685
9 24 Pieter Sijtsma Wommels 670
10 3 Douwe Posthuma Snits 665
11 27 Margit Cnossen Spannum 665
12 28 Okke van der Kamp Aldegea SWF 665
13 4 Robert Terpstra Skylge 665
14 26 Eeltje Postma Wommels 660
15 29 Sjoerd de Boer Wommels 660
16 5 Sybrecht Overal/pake Willem Twijnstra Easterein 660
17 6 Willem Wijnia Wommels 660
18 30 Herresbackie! (Wiebe Heeres) Wommels 655
19 31 Jan en Simon van der Vaart Spannum 655
20 7 Marc Hoekstra – Hoekieboys 1 Easterein 655
21 37 Seriette Strikwerda Spannum 655
22 33 Bas van der Weij Easterein 650
23 35 Jurjen Eringa Rien 650
24 36 Pieter Kamstra Easterein 650
25 10 Grietzen Broersma Leeuwarden 645
26 11 Jort Elferink Skylge 645
27 39 Johan Delfsma Wommels 640
28 15 Brent Overal Easterein 635
29 17 Hendrik Engbrenghof Wommels 635
30 18 Hessel Hek Skylge 635
31 40 Rick Hendriks Easterein 635
32 19 Robert Hoekstra – Hoekieboys 2 Easterein 635
33 41 Schilder- en klussenbedrijf Erik Haitsma Wommels 635
34 43 Bote Strikwerda Wommels 630
35 20 Mark Klijnsma Wommels 630
36 21 Samme Overal Skylge 630
37 22 Aant Hofstra Wommels 625
38 23 Auke Eringa Wommels 620
39 45 Jesse van der Weide Wommels 615
40 25 Bas Postma Skylge 610
41 50 Pieter Wijnia Wommels 610
42 32 Appie Posthumus Wommels 600
43 34 Hendrik de Jong Wommels 600
44 51 Trienus de Jong Wommels 600
45 38 Jildert van der Werf Wommels 595
46 42 Anne Stenekes Wommels 580
47 44 Hessel Yntema Jellum 580
48 53 Er gaat niets boven Polen! (Hendrik Eringa) Spannum 570
49 54 Sjoerd van Beem Wommels 565
50 46 Anne Jan Hallema Wommels 560
51 47 Jaap Toering Wommels 555
52 48 Jelle Wiersma Wommels 555
53 49 Larson Hek Skylge 555
54 52 Ate Feike de Boer Wommels 525