Stân SDS EK-League 29 juny

Stân SDS EK-League 28 juny
27 juni 2021
Stân SDS EK-League 30 juny
30 juni 2021

It kin ek hast net oars dat Klaas-Bouke Faber noch altiten boppe-oan stiet yn de SDS EK-League, mar it gatsje mei de nûmer 2 wurdt lytser. Douwe Posthuma en Robert Terpstra binne sakke nei it 3e plak, mar Tom Wijnia giet fan it 13e nei it 2e plak en stiet noch mar 50 punten efter op de koprinner.
Jûn om 18.00 oere hawwe wy de clash Ingelân – Dútslân oftewol Klaas-Bouke – Tom. Klaas-Bouke sjocht namelijk Ingelân yn de kwartfinale en Tom Dútslân.

It wurdt no hast hyt ûnder Klaas-Bouke syn fuotten………..

Sommigen hawwe juster wol hiele goeie saken dien. Sa giet ‘Dirk en Mika’ de Jong fan 29 nei 8 en Grietzen Broersma fan 35 nei 10. Sy seagen beide sawol Switserlân as Spanje yn de kwartfinale kommen lykas Tom Wijnia, Samme Overal, Robert Hoekstra, Jelte-Pieter Dijkstra en Bote Strikwerda.

Jan en Simon van der Vaart en Johan Delfsma hawwe de gang nei ûnderen te pakken. Sy seagen dan ek beide Spanje en Switserlân net yn de kwartfinales kommen.

Juster by Spanje – Kroatië wienen it allinnich Bote, Wiebe, Jelle, Willem, Hessel en Jort dy ’t 5 punten pakten mei it likense spul. Net ien hie 3-3 nei 90 minuten foarsein.
By Frankryk – Switserlân hie net ien in lykspul foarsein. Elkenien hie op in oerwinning fan de thúsploech rekkene en wy meie der fanút gean dat ek elkenien der al fanút gie dat dit Frankryk wêze soe as winner fan de poule.

Pieter Wijnia stiet 50e, mar makket him net drok. Hy hat Spanje as Europees kampioen en Morata as topskoorder foarsein en hat noch alle fertrouen om de SDS EK-League te winnen.

Underoan noch altiten de reade lantearn foar Sjoerd van Beem en ‘Alles stiet boppe Poalen’ fan Hendrik Eringa. Soenen sy de poedelpriis fan 5 kilo Skylger tsiis parte moatte?
Sjoerd seach Switserlân al trochgean nei de kwartfinales, mar Spanje net……… By Hendrik wie it krekt oarsom.
Sjoerd van Beem sjocht trouens Oekraïne in ein kommen, dus it kin moarn sa oars wêze.

Stân âlde stân
1 1 Klaas-Bouke Faber Wommels 740
2 13 Tom Wijnia Wommels 690
3 2 Douwe Posthuma Snits 665
4 3 Robert Terpstra Skylge 665
5 4 Sybrecht Overal/pake Willem Twijnstra Easterein 660
6 7 Willem Wijnia Wommels 660
7 6 Marc Hoekstra – Hoekieboys 1 Easterein 655
8 29 Dirk en Mika Easterein 650
9 8 Jelmer Posthumus Wommels 650
10 35 Grietzen Broersma Leeuwarden 645
11 12 Jort Elferink Skylge 645
12 9 Lieuwe-Jan Yntema Swol 645
13 10 Lolke Hofstra Wommels 645
14 37 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 640
15 14 Brent Overal Easterein 635
16 15 Frans-Pyter Terpstra Wommels 635
17 16 Hendrik Engbrenghof Wommels 635
18 17 Hessel Hek Skylge 635
19 39 Robert Hoekstra – Hoekieboys 2 Easterein 635
20 18 Mark Klijnsma Wommels 630
21 43 Samme Overal Skylge 630
22 19 Aant Hofstra Wommels 625
23 20 Auke Eringa Wommels 620
24 21 Pieter Sijtsma Wommels 615
25 22 Bas Postma Skylge 610
26 23 Eeltje Postma Wommels 610
27 24 Margit Cnossen Spannum 610
28 25 Okke van der Kamp Aldegea SWF 610
29 26 Sjoerd de Boer Wommels 610
30 31 Herresbackie! (Wiebe Heeres) Wommels 605
31 5 Jan en Simon van der Vaart Spannum 605
32 27 Appie Posthumus Wommels 600
33 28 Bas van der Weij Easterein 600
34 30 Hendrik de Jong Wommels 600
35 32 Jurjen Eringa Rien 600
36 33 Pieter Kamstra Easterein 600
37 34 Seriette Strikwerda Spannum 600
38 36 Jildert van der Werf Wommels 595
39 11 Johan Delfsma Wommels 590
40 38 Rick Hendriks Easterein 585
41 40 Schilder- en klussenbedrijf Erik Haitsma Wommels 585
42 41 Anne Stenekes Wommels 580
43 51 Bote Strikwerda Wommels 580
44 42 Hessel Yntema Jellum 580
45 44 Jesse van der Weide Wommels 565
46 45 Anne Jan Hallema Wommels 560
47 46 Jaap Toering Wommels 555
48 49 Jelle Wiersma Wommels 555
49 47 Larson Hek Skylge 555
50 48 Pieter Wijnia Wommels 555
51 50 Trienus de Jong Wommels 550
52 52 Ate Feike de Boer Wommels 520
53 53 Er gaat niets boven Polen! (Hendrik Eringa) Spannum 515
54 54 Sjoerd van Beem Wommels 515