EK weppers diel 2

Stân SDS EK-League 30 juny
30 juni 2021
Seleksje SDS Vr.1 en tariedingsprogramma
1 juli 2021

De achtste finales sitte der op en wij kinne mei it each op de bonusfragen wer in balâns opmeitsje. Jim kinne jim fêst foarstelle dat er op ien kategory in slachfjild makke is

Kampioen

Mar leafst 32 dielnimmers wisten it seker. Frankryk wurdt kampioen. Wij hawwe genoaten fan de útskeakelwedstriid en binne ús der bewust fan dat sommigen graach in oare útslach sjoen hiene.

Der wie ek ien (Jelte-Pieter Dijkstra) dy’t Portugal  as de kampioen seach en dat wurdt him ek net mear. Margit Cnossen, Jort Elferink, Larson Hek en Robert Terpstra) dy hiene in soad fertrouen yn Frank de Boer en syn ploech. Dat fertrouen is beskamme. Ek sij skoare hjir net op. Ta beslút : der giet neat boppe Hindrik Eringa fine wij, mar Poalen wurdt it ek net mear.

Wat bliuwt der oer?
1 dielnimmer hat Italie,
11 dielnimmers hawwe Belgie,
2 dielnimmers tochten oan Ingelân en
2 hawwe fertrouen yn Spanje

Giele kaarten

Sieten wij nei de poulewedstriden op in gemiddelde fan 2,72 kaart per wedstriid, it is no ’t de belangen noch grutter wurde, oprûn nei 2,93.
Dat binne 129 kaarten yn 44 wedstriden.
At it mei dit gemiddelde trochgiet dan komme wij út op 149 kaarten
Dan sitte dizze dielnimmers aardich yn de buert. Je meie der 5 neist sitte om punten te krijen

Hessel Hek 144
Pieter Wijnia 151
Sjoerd de Boer 152
Hendrik de Jong 153

Reade kaarten

Wij sitte no op 4 direkte reade kaarten en at dat sa bliuwt dan binne dizze 5 man spekkeaper

Margit Cnossen 4
Herresbackie! (Wiebe Heeres) 4
Douwe Posthuma 4
Jelte-Pieter Dijkstra 4
Marc Hoekstra – Hoekieboys 1 4

Mar mei noch 7 wedstriden te gean kin der samar ien kaart bijkomme en dêr ferheuge dizze  8 harren op

Okke van der Kamp 5
Sjoerd van Beem 5
Anne Stenekes 5
Pieter Sijtsma 5
Lieuwe-Jan Yntema 5
Sjoerd de Boer 5
Bas van der Weij 5
Jan en Simon van der Vaart 5

Topskoarder

19 dielnimmers tochten dat de man dy’t moandeitenacht tsjin tolven fanôf 11 meter miste, de topskoarder wurde soe. Hij wurdt it seker net.
De 4 dielnimmers ( Margit, Hessel, Frans-Pyter en Brent) dy’t Depay hiene, sille ek teloarsteld wêze. It hie al moai west at er 4 dingen goed dien yn de wedstriid tsjin Tsjechie.

Hendrik de Jong tocht oan Weghorst en Robert Hoekstra, Ate Feike de Boer en Hendrik Eringa (fansels) seagen Lewandowski wol skoaren mar net genôch.
6 tochten  oan Benzema en dat hie samar kinnen at er net Switserse tsiis yn de Frânske wyn smiten wie.
En Robert Terpstra…… Griezman wurdt it ek net.

Wat bliuwt er noch oer fan ús kenners:
5 tinke oan Kane,
1 is noch hoopfol oer de Bruyne,
9 sjogge mei mear as bijsûndere belangstelling nei Lukaku,
1 hat noch altiten fertrouen yn Morato (Pieter Wijnia) en
3 (Anne Jan Hallema, Mark Klijnsma en Appie Posthumus) hoopje dat der hielendal net folle skoard wurdt troch al dizze spilers dy’t wij krekt neamd ha, want sij hawwe Ronaldo. Dy skoarde 5 kear, mar docht net mear mei om syn oantal op te skroeven.

Oantal doelpunten topskoarder

Ronaldo makke der 5, dat is dus it oantal dat no punten opleverje soe. Wa wit  binne dit dan de gelokskiters.

Okke van der Kamp 5
Jelle Wiersma 5
Appie Posthumus 5
Lolke Hofstra 5
Pieter Wijnia 5
Lieuwe-Jan Yntema 5
Frans-Pyter Terpstra 5
Hessel Yntema 5
Grietzen Broersma 5
Brent Overal 5
Marc Hoekstra – Hoekieboys 1 5

Harsens derby (2307)

Ek as je trommelje op de tribune moat je je harsens der al by hâlde………