Snertrin en oare saken

Weppers tongersdei 29-12
28 december 2011
Aldjiersweppers
31 december 2011

Nijjiersresepsje
Op 7 jannewaris is de nijjiersresepsje fan SDS.  De aktiviteitenkommisje is al drok dwaande mei de tarieding en it programma sjoch der sa út.

13.00 oere de start foar de rinners
Rinne kin elkenien. Dus wa’t net drave wol, kin rinne.
Foar de gesellichheid meielkoar in rûntsje rinne yn ús moaie omjouwing.

14.00 oere start foar de dravers
In goeie tradysje bij SDS is it rûntsje drave. In rûntsje fan in kilometer as 7 tinke wij. Efkes it luie swit fan de feestdagen der út drave. Gewoan de krêften efkes mjitte mei teamgenoaten. 

Dêrnei
Snert mei in stikje brea
: Om efkes op krêften te kommen. En fansels in drankje om it fochtferlies te kompensearen.

In wurdsje fan de foarsitter: Efkes werom sjen en efkes foarútsjen.

In fotokwis: gjin drege fuotbalfragen, mar in fotokwis (graach sels in pen meinimme). Geskikt foar elkenien, dy’t each hat foar de foto, wêrbij wij fan de organisatoren heard hawwe dat der samar 4 froulju yn de finale stean kinne. Dus hearen…  

Draaiend rêd: Trije kear wurdt it rêd rûn slingere. Der binne prachtige prizen te winnen hawwe wij begrepen.

Jan Bouke: Hij draait tuskentroch en nei ôfrin plaatsjes (One Way wind fan the Cats foar Ype) en der mei dûnse wurde.

20.00 oere dan hâldt de muzyk op en is it sawat dien 

De aktiviteiten kommisje besteande út Amerins, Siemon en Anny hopet op in grutte opkomst.