Aldjiersweppers

Snertrin en oare saken
28 december 2011
Nijjiersdeiweppers
31 december 2011

Harm Jan
Harm Jan Kamstra hat foaral yn it begjin fan 2011 in ferskuorrend soad ûnder de latte stien. Meardere kearen mocht hij twa kear opdrave op in sneon. Nettsjinsteande dat is hij hjoed wol 21 wurden. Fan herte lokwinske.

Ek jierdei
Sir Alex Ferguson koach fan Manchester United hat hjoed ek syn jierdei. Hij wurdt 70.  Woansdei sil ien fan de wepmasters sjen at er him de hân drukke kin bij de wedstriid Newcastle – Manchester United.

Sealfuotbal
Hjoed is der sealfuotbal om 14.00 oere foar de leafhawwers. Opjaan is net nedich, op tiid komme wol.

Stunt

Juster fongen wij dizze tweet noch op. Moarn yn de tweet is dus hjoed.

Liftboek, lústerskiif en Jan Nota
Sneintemiddei fanôf 16.00 wurdt it earste liftboek oanbean. Troch wa en oan wa? Kom it sjen.
Nei de presintaasje spilet de bekende troubadour Jan Nota.