Weppers freed 7-12-2018

SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt foar 3e kear de wykpriis!
5 december 2018
Sneon 8-12-2018
7 december 2018

SDS 1 nei NOK

SDS 1 moat sneon nei Aldemardum foar de wedstriid tsjin NOK 1.  De mannen út Nije- en Aldemardum steane net sa heech mar SDS hat it meast lestich op harren sportpark. Dizze seleksje sil it goeie gefoel nei SDS- Willemsoord in ferfolch jaan: Jaap, Bauke, Erik, Ewout, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jacob-Klaas, Lourens, Marco, Matthijs, Pieter, Remco en Wiebe.

SDS 2 tsjin Zeerobben 2

Zeerobben 2 stiet op in twadde plak mei 21 punten, SDS 2 mei 12 op in 8ste plak. At dat wat seit kinne jim sneon om 14.30 oere yn Easterein sjen.  Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boks ferwachte: Gertjan, Frank, Jorrit, Watze-Jacob, Arjen, Anne, Dirk, Hendrik, Inne, Jort, Jurjen, Niels, Sjoerd en Jelmer.

SDS 3 tsjin Blauw Wit 6

At heal Ljouwert sneon útrint om it potsje fuotbal te sjen tusken Blauw Wit 6 en SDS 3 is mar de fraach. It belang fan dit potsje is wol grut.  Beide ploegen hawwe likefolle ferliespunten. De seleksje dy ’t om 13.45 út Easterein fertrekt en om 15.00 oere spylje mei: Jildert, Auke. Dirk-Yde, Doede-Douwe, Harm, Harm-Auke, Ids, Klaas, Pieter, Robert, Tjeerd, Tsjipke, Willem en Peter Stuiver.

SDS 4 thús net tsjin de “beste” klup fan Fryslân

Neffens ien of oar ûndersyk skynt ONS de beste klup fan Fryslân te wêzen. Gjin idee wêr’t dat op basearre is.  Wij tinke dat er foar de folgjende perioade in dikke minpunt bijskreaun wurde sil. Sij hawwe ôfbelle, se hawwe te min.

SDS Vr1 tsjin de froulike OuweSeunen

Om klokslach 12.15 oere yn Easterein de wedstriid SDS VR1 tsjin Harlingen VR1.
Sneon 11:15 aanwezig
Coach: Akke Rixt en Tarina
Flagger: Bauke
Selectie: Marjo, Gerry, Sieta, Richtsje, Janieke, Marije, Alissa, Seriette, Elske, Hester, Kirsten, Jeska en Femke.

2e trainers-leidersgearkomst

Op 13 december om 19.30 uur is in de kantine de 2e trainers-leidersvergadering van dit seizoen. Agenda volgt z.s.m.

Sinteklaasjûn en traine

De trainers fan SDS JO17-2 lizze moandei de fraach foar oan de groep at se woansdei op Sinteklaasjûn ek trainen wolle.  “Hoe sa net”, antwurden de measten ferbaasd…. De trainers leine út dat in Sinteklaas jûn is. “Hju…..Wij wolle gewoan traine”.
Dus fierden der 2 spilers wol Sinteklaas, wiene der 2 noch blessearre, wie der 1 oan it wurk, siet er ien efterstallich húswurk te meitsjen en trotsearde de rest in flinke bui om te trainen ûnder leiding fan

in”look-a-like”fan Sinteklaas, om dochs in bytsje yn de Sinteklaas stimming te kommen. Der waarden tidens al dy partijtsjes lykwols gjin kadootsjes fuortjûn.

Sinteklaasjûn by SDS 1

De mannen fan SDS 1 hienen juster in tige slagge Sinteklaasjûn. Wy binne fan alles te witten kommen oer de mannen. Sa kin Jorrit sneller atte dan in oar mei de eagen knipperje, wit Watze-Jacob alles fan Ajax, kamen der yn alle gedichten froulju foar, krige Habtamu ynderdaad in appel, krigen de measten bier en sjampoo en hearden wy noch folle mear wat wy hjir net publisere kinne.

Sinteklaasjûn by SDS 3?

Ut tige ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Sinteklaas folgend jier ek by SDS 3 delkomme sil.

Harsens derby (2082)

Ho!
How is this even possible!? 😂😂 pic.twitter.com/sdTFAHRReU