Sneon 7-9-2019

Weppers freed 6-9-2019
6 september 2019
Weppers tiisdei 10-9-2019
10 september 2019

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

Freed

19:30 Oosterlittens VR2 SDS VR2 1-0
20:00 SC Bolsward VR3 SDS VR2 0-0
20:30 SDS VR2 St Dronrijp/Foarut VR2 0-3

Sneon

09:00 ST SDS/Nijland JO15-1 SWZ Boso Sneek JO15-2 4-0
09:00 SDS JO11-1 Workum JO11-3G 16-0
10:30 ST SDS/Nijland JO15-2 Zeerobben JO15-5M 5-1
10:30 ST SDS/Nijland JO13-1 Oosterlittens JO13-1 4-0
12:15 ST SDS/Nijland JO17-1 Oosterlittens JO17-1 6-1
14:30 SDS 2 vv Nijland 2 3-0
14:30 SDS JO19-2 Oeverzwaluwen JO19-1 1-8
08:45 Akkrum JO10-1 SDS JO10-1 4-8
09:00 Oeverzwaluwen JO9-1 SDS JO9-1
09:00 SC Bolsward JO8-2 SDS JO8-1
09:00 Irnsum MO15-1 SDS MO15-1 6-0
10:00 Tzum JO12-1 SDS JO12-1 5-1
12:30 SC Bolsward JO13-2 ST SDS/Nijland JO13-2 8-2
12:30 Tzum VR1 SDS VR1 1-10
13:00 SWZ Boso Sneek JO17-2 ST SDS/Nijland JO17-2 12-1
14:30 SC Berlikum 1 SDS 1 0-0
15:00 Harlingen JO19-1 SDS JO19-1 0-9

Berlikum 1 – SDS 1


Troch de 0-0 yn Berltsum en de 3-5 oerwinning fan scFraneker op Beetgum is dit no de stân. Spannender kin hast net want kommende sneon moat SDS thús tsjin sc Franeker. Beide moatte winne om der wis fan te wêzen dat sc Berlikum der net mei de buit fan troch giet.

Foto’s Berlikum 1 – SDS 1

Mar leafst 56 foto’s kinne jim besjen fan dizze wedstriid. En ek mei de foto’s yn sicht kinne wij doelpunten ûntdekke

Tzum vr1 – SDS vr1  1-10

Hjoed de twadde bekerwedstriid tsjin ús bekende tsjinstanner Tsjom. Eins sitte wy hast altiid bij hen yn de kompetysje mar dit jier net. Dit jier komme wy se dan noch wol yn de beker tsjin. Wy witte dat is soms dreech wese kin tsjin Tsjom. Sy skoppe faak de bal út it fjild at sy die ha en dit is soms erch irritant at je normaal fuotbalje wolle. Gelukkich binne se hjoed net in soad oan de bal kommen.

De wedstriid is los en wij komme al drekt foar te stean yn de 3e minút. Seriette sjit fan in fiere ôfstân de bal it goal yn! Nei in kertier skoart Hester de 0-2 en flak dernei makket Esther de 0-3. Nei wat oertikje komt Tsjom ek op ús helt en skoare sy dan ek, 1-3. Yn de 30 minút sette wy goed druk en makket Seriette in prachtige goal. We komme drekt wer oan de bal en dermei wit Femke wol rie. Sy makket de 1-5 en krekt foar rust ek noch de 1-6. In moaie earste helt mei moai wat goals.

Mei in goed gefoel komme we wer út de boks. De positive energie bliuwt der yn en dermei skoart Seriette har 3e goal fan de wedstriid en wurd it 1-7. 2 minuten letter is Seriette alwer oan de bal. Sy set m foar op Sieta en sy skoart in folgende goal! Mei noch in kertier foar rust skoart Femke ek har 3e goal fan de wedstriid: 1-9. Yn de groepsapp wurd der al skreaun: 10, 10 10! Dit gebeurt dan ek. Esther slút de wedstriid of mei it 10e goal. Einstân: 1-10.

Tot no ta ha wy 2 fan de 3 bekerwedstriiden wûn. Nije wike de letste bekerwedstriid fan dizze poule. Wy matte dan wer út tsjin Frenttjer Vr 2.

Doelpunten:
Seriette 3x
Femke 3x
Esther 2x
Sieta 1x
Hester 1x

SDS JO15-2 – Zeerobben JO15-4 m


Frans Bode fan Harns wie juster fanút Harns meireizge om it fammen team JO15-5 fan Zeerobben oan te moedigjen tsjin SDS JO15-2. It moaie fan Frans is dat hij ek altyd syn befiningen yn byld bringt mei in oantal foto’s.  De jonges fan SDS wûnen mei 5-1.

In prachtich ferslach en sfearfolle foto’s kinne jim hjir sjen